Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 28:
It Frysktalige debút fan Gysbert wie de ''Friessche Tjerne'' (1640). It brulloftsfers ''Friessche Tjerne'' is it iennichste boek dat by syn libben printe waard. Twa jier nei syn dea waard syn sammele wurk útjûn as de ''Friesche Rymlerye''. Yn syn eigen iuw waard it werprinte yn 1681 (troch [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]]) en 1684. Sa't yn dy tiid wizânsje wie, wie de ‘rymlerye’ yn trije sjenres (lirysk, didaktysk, religieus) ferdield: ‘ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes’ (leafdespoëzij, ynklusyf de ''Friessche Tjerne''), ‘gemiene æf huwzmanne petear’ (moralistyske twaspraken) en it ‘hymmelsch harp-luwd’ (religieuze poëzij, wêrûnder psalmoersettings), sa’t op it titelblêd fan de Rymlerye oanjûn stiet.
 
Japiks syn libben en wurk wurdtwaard ek tekene troch in grut godsbesef. Fan 19371637 ôf wurke hy as skoalmaster yn Boalsert en wie foarsjonger yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]]. Yn it tredde part fan de Fryske rymlerye steane mear as fyftich psalmberimings. Dêrmei is syn wurk ek fan grut belang foar it Frysk as tsjerketaal.
 
=== Priuwke ===