Ferskil tusken ferzjes fan "Grossmünster"

4 bytes grutter ,  8 moannen lyn
L (st)
 
De proasdij hie yn de midsiuwen 24 koarhearen en 32 kapelanen en wie njonken de katedraal fan Konstanz it wichtichste stift fan it histoaryske bisdom Konstanz. Sûnt 1114 waard it stift laat troch in proast. Under de privileezjes fan it stift hearde ek it rjocht om sels de proast en de preesters te kiezen.
 
Oant de biddeloardes yn de 14e iuw opkamen, hie it stift Grossmünster yn it bisdom in wichtige funksje yn de muzyk. De koarhear Konraad fan Mure liet yn 1259 in prebende ynstelle foar in [[kantor]] en stelde sels yn 1260 it ''Liber ordinarius'' op, in detaillearre oardering fan de gesangen, wêrfan't guon troch de koarhearen sels dichte en komponearre wiene. Ek hie is stift in soad grûnbesit, dêr't pas yn 1832 mei de opheffing fan it stift in ein oan kaam.
 
Nei de reformaasje soarge it stift benammen foar de teologyske ûnderbouwing fan de prekers fan de nije lear. Njonken in [[Latynske skoalle]] en in gymnasium wie yn de gebouwen fan it stift in troch de reformator [[Huldrych Zwingli|Zwingli]] oprjochte Teologyske Akademy ûnderbrocht, dêr letter yn 1833 de Universiteit fan Zürich út fuortkaam.