Silver (koart ferhaal): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 23:
__TOC__
==Ynhâld==
Koart nei't de [[Wales|Welske]] genêzer Samuel (net syn doetiidske [[namme]]) syn [[oarehelte|frou]] en al syn [[bern (persoan)|bern]] ferlern is oan in [[besmetlike sykte]] dêr't er sels lykwols foar sparre bleaun is, dûkt syn [[heit]] Bran foar it earst yn mear as tsien jier op. Samuel mient dat Bran, in omdoarmjend [[bard]], op 'e iene of oare wize lucht krigen hat fan 'e [[ramp]] dy't syn [[húshâlding]] oerkommen is, en slacht der gjin acht op as syn heit seit dat er miende dat er "foar it ûnheil út draafd" wie. Dat ûnheil blykt Samuel syn [[beppe]] te wêzen, oer wa't Bran him nea wat ferteld hat. Hja is in machtige [[heks (persoan)|hekse]], dy't har [[libben]] oant fier boppe de natuerlike doer ferlinge hat troch [[swarte magy]], in foarm fan [[tsjoenderij]] dy't basearre is op it eksploitearjen fan 'e [[pine]] fan oaren. De hekse hat in wearwolf by har, en as se te neare [[nacht]] Bran en Samuel oer it mad komt, lit se harren bite troch dy wearwolf, sadat se sels ek ta wearwolven wurde. Neitiid bringe Bran en Samuel lange tiid, miskien wol ferskate iuwen, troch as leden fan 'e wearwolvetroep dy't de hekse opboud hat om har te tsjinjen, en dy't hja mei [[tsjoenderij]] oan har wil bûn hat. De koppige Bran hâldt nea op mei te sykjen nei in manear om te ûntsnappen, mar wat langer it duorret wat mear oft Samuel de [[moed]] ferliest. Hy ferliest boppedat syn oarspronklike namme, dy't de hekse him ôfnimt, krekt as de [[oantins]] oan syn [[ferstoarn]]e [[gesin]].
 
Op in dei komt der by de hekse in [[Herne de Jager|hoarne hear]] om help, in machtige ierdgeast dy't de hear fan it [[wâld]] is dêr't de hekse har wente boud hat. Hy hat in [[dochter]] dy't mear [[talint]] mei tsjoenderij hat as hysels, en op wa't er troch de jierren hinne wat langer wat [[jaloerskens|jaloersker]] wurden is, oant er har begûn is te [[hate|haatsjen]]. No wol er dat se in magysk foarwerp makket dat magy opsûcht fan dejinge dy't it by him draacht, om't in machtiger ierdgeast him frege hat har dat meitsje te litten. De dochter, Ariana, wegeret dat lykwols, en dêrom hat er in pear eangsthûnen op har ôf stjoerd, dy't har sa [[tramtearje]] dat se foar in koart hoartsje har [[ferstân]] ferliest. Yn dy tiid nimt har [[dier]]like [[ynstinkt]] it oer, en om't alle bisten yn it wâld har heit hearrich binne, er har yn dy skoften it [[artefakt]] meitsje litte. No, no't it foarwerp hast klear is, wolle lykwols de eangsthûnen, dy't gjin bisten mar oare ierdgeasten binne, him net mear helpe, om't se syn dochter nea deadzje en opfrette meie. De hoarne hear wol dat de hekse him helpt om syn wil oan 'e eangsthûnen op te lizzen. Sy [[bedragerij|bedraacht]] him lykwols, want sy hat gjin macht oer de eangsthûnen, mar as se him freget hokker wêzens oft er krekt siket, antwurdet er "magyske bisten yn hûneftige foarm", en dêr hat se in hiele [[ridel]] fan.