Joost van den Vondel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
 
===Jonkheid===
Vondel waard berne yn [[Keulen]], dêr't syn âldelju, dy't [[minnisten]] wiene, yn [[1582]] hinne flechte wiene, nei't harren stêd [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] dat jiers as ûnderdiel fan 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] troch it [[Spanje|Spaanske]] leger fan 'e [[Aleksander Farnese, hartoch fan Parma|hartoch fan Parma]] ynnommen wie. Doe't Vondel acht jier wie, yn [[1595]], ferfear it gesin nei de [[Republyk fan de Feriene Provinsjes|Republyk fan 'e Feriene Provinsjes]], dêr't se har earst nei wenjen setten yn [[Utert (stêd)|Utert]], en twa jier letter yn [[Amsterdam]]. Dat wie wêr't Vondel fierder opgroeide. Yn [[1610]], op syn 23ste, troude er mei Mayke de Wolff (Keulen, [[1586]] – Amsterdam, [[1635]]). Hja krigen fiif bern, wêrfan't trije de bernetiid net oerlibben. Foar de kost hie Vondel in hannel yn hoazzen yn 'e Warmoesstrjitte, dy't er fan syn heit oernommen hie. [[Side (tekstyl)|sidene]] hoazzen kosten doedestiden sechstjin [[gûne]], dat der wie goed jild mei te fertsjinjen.
 
===Karriêre as toanielskriuwer en dichter ===