Gutenbergbibel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 5:
De measte fan de nei alle gedachten 180 eksimplaren fan de Gutenbergbibel waarden op papier printe en mar tritich op it weardefollere [[perkamint]]. Ferspraat oer de wrâld binne noch 49 eksimplaren fan de bibel bekend. Der is mar ien fan dy eksimplaren yn in bibleteek yn de [[Benelúks]] oanwêzich, yn de Universiteitsbibleteek fan [[Bergen (Henegouwen)|Bergen]]. It is in papieren eksimplaar, hoewol’t de Universiteit fan Bergen ek in inkelde side út de ferzje yn perkamint hat. Fan de eksimplaren op perkamint binne fjouwer folslein bewarre bleaun. Ien dêrfan is yn de [[Nedersaksyske Steats- en Universiteitsbibleteek]] fan [[Göttingen (stêd)|Göttingen]] en stiet sûnt 2001 op de [[Wrâlderfguodlist foar Dokuminten]] fan de [[UNESCO]].
 
It [[Plantin-Moretusmuseum]] yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] hat in eksimplaar fan de as 36-rigelige Gutenbergbibel bekendsteande ''twadde'' útjefte fan de Hillige Skrift, dy’t nei’t oannommen wurdt ek troch Gutenberg printe is yn 1458-1460. Dy is folle seldsumer as de 42-rigelige bibel, der binne mar 13 eksimplaren fan bekend.
 
De bibels yn it [[Gutenberg-Museum]] yn Mainz binne te besjen, krekt as it eksimplaar fan de Gutenberg-bibel yn de bibleteek fan it Bodmer-Ynstitút: Foundation Martin Bodmer yn Genéve. Ea wie dy bibel yn it besit fan de [[Romanov]]s, de Russyske Tsarefamylje. It kommunistysk bewâld ferkocht yn 1931 twa dielen oan Maggs Brothers yn Londen, en sa koe [[Martin Bodmer]], de earste direkteur fan it [[Reade Krús]], úteinlik dy seldsumheid krije foar syn samling bysûndere earste printings. De dielen binne bûn yn in 19e-iuwske bân, der ûntbrekt mar ién side.