Hans Holbein de Jonge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 10:
De kantline-yllustraasjes dy't Holbein makke yn in eksemplaar fan ''[[De Lof fan de Healwizens]]'' út [[1515]] foar de [[Humanisme|humanistyske]] ûnderwizer [[Oswald Geisshüsler]] (ek bekend as Myconius of Molitor) wiene net foar publikaasje ornearre; earst fan 1676 ôf binne syn etsen en gravueres nei dizze tekeningen as boekyllustraasje brûkt. Holbein yllustrearre wol oare boeken. Hy levere ûnder mear in bydrage oan de Bibelfertaling fan [[Maarten Luther]]. Ek hat er brânskildere ramen ûntwurpen. Holbein waard lykwols it meast ferneamd fan syn [[portret]]ten.
 
De ûnrêst dy't de [[reformaasje]] meibrocht makke it dreech foar Holbein om as keunstner yn Bazel troch de tiid te kommen. Holbein, dy't yn 't earstoan fral religieusk wurk makke, krige lang sa folle opdrachten fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] net mear yn dy perioade. Dêrom reizge er oer [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] (dêr't er de stedsklerk [[Pieter Gillis]] besocht) nei [[Londen]]. Dêr kaam er troch de oanrekkomindaasje fan Erasmus yn kontakt mei [[Thomas More]]. Earder reizge Holbein ek al nei Frankryk en Italië.
 
Om [[1530]] skildere er in rige portretten fan keaplju út de [[Stalhof]] (Steelyard), in [[hânzekantoar]] yn Londen. Dit wie sa'n grut súkses dat der twa skilderijen foar de hal bestelde, ''Triumphzug des Reichtums'' en ''Triumphzug der Armut''. Beide giene by in brân ferlern, mar kopyen hingje yn it [[Ashmolean Museum]] yn [[Oxford]]. De keaplju stjoerden dy skilderijen faak nei famylje yn Dútslân.