Folwoeksene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
 
==Biologyske definysje==
Neffens de [[biology]]ske definysje is in folwoeksene in [[organisme]] dat [[geslachtsryp]] is en almeast ek [[minsklik lichem|lichaamlik folgroeid]]. Dat wol sizze dat sa'n organisme súksesfol dielnimme kin oan 'e [[fuortplanting]] fan syn [[soarte]]. Hoelang't it duorret ear't de geslachtsripens berikt is, ferskilt per soarte organisme. De [[savanne-oaljefant|Afrikaanske savanne-oaljefant]] docht der 10 oant 12 [[jier]] oer, wylst de [[hûsmûs]] mei 2 [[moanne (tiid)|moanne]] safier is. [[Minske]]n berikt geslachtsripens om 'e 12 jier hinne, mar op dy âldens wurde se noch beslist net as folwoeksen beskôge.
 
==Sosjale definysje==
Rigel 14:
De [[wet]]like term foar folwoeksenens is mearderjierrigens. Dat stiet foar [[minderjierrigens]] oer, wêrby't men noch [[bern (persoan)|bern]] en dêrom net [[wilsbekwaamheid|wilsbekwaam]] achte wurdt. Men wurdt automatysk mearderjierrich as men in beskate âldens berikt. Yn [[Nederlân]] leit dy grins by 18 jier, al wie dat oant [[1986]] noch 21 jier en oant [[1901]] sels 23 jier. In protte oare [[lân|lannen]], wêrûnder [[Belgje]], [[Dútslân]], [[Itaalje]], [[Kroaasje]], [[Ingelân]], [[Wales]], [[Noard-Ierlân]], de [[Feriene Steaten]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Brazylje]], [[Kolombia]], [[Meksiko]], [[Yndia]], de [[Filipinen]] en de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes|provinsjes]] [[Alberta]], [[Kebek (provinsje)|Kebek]], [[Manitoba]], [[Ontario]], [[Prins Edwardeilân]] en [[Saskatchewan]] hâlde ek 18 jier oan. Yn [[Skotlân]] is men lykwols mei 16 jier al mearderjierrich, wylst de Kanadeeske provinsjes en territoaria [[Britsk-Kolumbia]], [[Yukon]], [[Nijfûnlân en Labrador]], [[Nij-Breunswyk]], [[Nij-Skotlân]], [[Nûnavût]] en de [[Noardwestlike Territoaria]] 19 jier oanhâlde, en [[Japan]], [[Nij-Seelân]], [[Tailân]] en [[Taiwan]] 20 jier.
 
In mearderjierrige is yn de measte [[rjochtsstelsel]]s wils- of hannelingsbekwaam en sil dus foar al syn eigen [[rjochtshanneling]]s ynstean moatte. As men [[strafrjocht]]like [[delikt]]en begiet, wurdt men boppedat as mearderjierrige net mear neffens [[jeugdstrafrjocht]], mar neffens it [[strafrjocht|folwoeksenestrafrjocht]] [[berjochting|berjochte]]. Ek oare [[rjocht]]en en [[plicht]]en wurde oan in persoan oerdroegen as hy of sy mearderjierrich wurdt. Sa jilde der yn in soad lannen foar beskate aktiviteiten dy't rûnom as skealik beskôge wurde ([[alkoholetanol|drinken fan alkohol]], [[smoken]]) of wêrfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is ([[autoriden]], [[stimrjocht|stimmen]]) [[minimumleeftyd]]sgrinzen. Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.
 
Sa mei men as mearderjierrige yn 'e measte lannen (lykas Nederlân) mei 18 jier [[minimumleeftyd om te stimmen|foar it earst stimme]], [[minimumleeftyd om te autoriden|autoride]] en [[minimumleeftyd om te trouwen|trouwe]]. Yn 'e [[Feriene Steaten]] mei men lykwols al mei 16 jier autoride, wylst ([[famke]]s) yn guon [[ûntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]] faak al mei 15 jier trouwe meie. Fierders is yn Nederlân 18 jier de [[minimumleeftyd om alkohol te drinken]] en de [[minimumleeftyd om te smoken]], wylst men yn 'e Feriene Steaten pas mei 21 jier [[alkohol]] drinke mei. Ek kenne in protte lannen in [[minimumleeftyd foar seksueel kontakt]]. Yn Nederlân leit dy leeftydsgrins op 16 jier. Yn [[Angoala]] en in grut tal [[dielsteat]]en fan [[Meksiko]] is minimumleeftyd foar seksueel kontakt lykwols 12 jier.
 
=== Nederlânske wet ===