Sinclair Lewis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 6:
Lewis wie noch jong doe't er al in deiboek byhâlde. Doe't er 13 jier wie besocht er fergees om fuort te rinnen om mei te fjochtsjen yn de [[Spaansk-Amerikaanske Oarloch]]. As jongkeardel al besocht er syn sosjale idealen wier te meitsjen. Mei 23 jier stoppe er mei syn stúdzje en waard portier fan de [[Helicon House Colony]], in [[Utopy|utopysk]] [[Sosjalisme|sosjalistyske]] mienskip, stichte fan [[Upton Sinclair]]. Neidat in grutte brân it pân ferneatige hie, waard er frij sjoernalist yn [[New York City|New York]], mar hy kin dêr benei net troch de tiid komme. Yn [[1907]] besiket er wurk te krijen by de [[Panamakanaal|kanaalbou]] yn [[Panama]], mar ek dat mislearret him. Yn [[1908]] studearre er dochs noch ôf oan [[Yale-universiteit]] en hellet er syn B.A.-graad.
 
Lewis de skriuwer makke yn it earstoan romantyske gedichten en ferhalen. Yn [[1912]] publisearre er syn earste wurk, it jongesboek ''Hike and the Aeroplane'' ûnder it [[pseudonym]] Tom Graham. Lewis wie in sterke persoanlikheid, dy't altyd ûnderweis wie, hiel Amearika as sjoernalist trochkrúst hat en jierrenlang yn Jeropa wenne hat. Lewis hie bot krityk op de Amerikaanske selsfoldienens, dat him op in soad miskenning en fijânskip kaam te stean. Hy boaske twaris, mei Grace Livingston Hegger en letter mei Dorothy Thompson, mar beide houliken rûnen op 'e non. Ien fan syn twa soannen sneuvele yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. [[etanol|Alkohol]] spile in wichtige rol yn syn libben. Hy stoar iensum en allinne yn [[1951]] in [[Rome (stêd)|Rome]] oan in hartkrupsje dy't ûntstien wie troch syn alkoholisme.
 
== Wurk ==