Sedemisdriuw: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
 
===Sedemisdriuwen===
Sedemisdriuwen steane yn it [[strafrjocht (Nederlân)|Nederlânske strafrjocht]] fermeld yn it [[Twadde Boek (Misdriuwen) fan it Wetboek fan Strafrjocht]], t.w. de artikels 239 o/m 253. Dêrby moat men tinken oan saken as [[ferkrêfting]], [[ynsest]], [[seksuële oantaasting]], [[ûntucht]], [[twongen prostitúsje]], it [[prostituëarjen fan minderjierrigen]], it besykjen fan in minderjierrige [[prostituee]], [[bestialiteiten]], it produsearjen of besitten fan [[bernepornografy]] en/of [[bistepornografy]], en [[sekstoerisme]] (yn it bûtenlân). Under sedemisdriuwen falle wetlik sjoen ek guon saken dy't de measte lju wierskynlik net as sadanich beskôgje soene, lykas it ferkeapjen fan [[alkoholetanol|alkohoalyske drank]] oan immen dy't al dronken is, en it ta beskikking stellen fan in bern dat jonger is as tolve jier foar [[bidlerij]] of foar wurk dat neidielich is foar de sûnens.
 
===Oertrêdings tsjin de seden===