Húslik geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:True_Manhood_-_Anti-Domestic_Violence_Sign_-_Outside_Entebbe_-_Uganda.jpg|right|thumb|250px|In kampanje tsjin húslik geweld yn [[Uganda]].]]
'''Húslik geweld''' is in gedrachspatroan wêrby't men geregeldwei jins houlikspartner of de persoan mei wa't men gearwennet (en al of net in yntime relaasje hat) [[mishanneling|mishannelet]]. Dat kin barre troch de wei fan fysike agresje (slaan, skoppe, bite, triuwe, fêsthâlde, bekûgelje mei foarwerpen), geastlike agresje (útskelle, fernederje, bedriigje, yntimidearje, ''[[stalking]]''), ferwaarleazging of finansjele útrûpeling. Fierders is it ek faak in gefolch fan of kin it liede ta [[ferkrêfting binnen it houlik]]. Húslik geweld wurdt gauris feroarsake of oanboaze troch [[etanol|alkohol]]gebrûk, [[alkoholisme]] en geastlike sykten, en dêrnjonken spylje maatskiplik fermidden en kulturele eftergrûn ek in rol, mei't bewustwêzen, persepsje, definysje, dokumintaasje en bestriding fan dit ferskynsel ferskilt fan sosjale klasse ta sosjale klasse en fan kultuer ta kultuer. Húslik geweld komt sawol yn [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] as yn [[homoseksualiteit|homoseksuële]] relaasjes foar; yn heteroseksuële relaasjes is meast de frou it slachtoffer en de man de dieder, mar lang net altyd.
__TOC__
== Persepsje ==