Yndiaansk agint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
 
==Skiednis==
De funksje fan Yndiaanske agint waard yn [[1793]] skepen ûnder de [[Twadde Wet op de Hannel en it Ferkear mei Yndianen]]. Neffens de tekst fan dy [[wet]] hie de [[presidint fan de Feriene Steaten]] it foech en beneam beskate persoanen as "tydlike aginten om mank de Yndianen te wenjen", mei as doel om 'e oangeande Yndianen te helpen by harren oanpassing oan en úteinlike [[kulturele assimilaasje|assimilaasje]] yn 'e [[jeropide ras|blanke]] Amerikaanske [[kultuer]]. Nei ferrin fan tiid waard de oantsjutting 'tydlik' weilitten.
 
Yn 't earstoan foelen Yndiaanske aginten ûnder it [[Amerikaanske Ministearje fan Oarloch]], mei't it Amerikaanske regear ornearre dat it de ferantwurdlikheid fan it [[leger (lânmacht)|leger]] wie om 'e Yndianen te beskermjen tsjin 'e blanke befolking. Doe't yn [[1824]] it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) oprjochte waard, kamen hja dêrta te hearren. Dy ynstânsje waard yn [[1848]] oerhevele fan it Ministearje fan Oarloch nei it [[Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken]], en sadwaande kamen de Yndiaanske aginten yn [[1849]] ûnder boargerlik tafersjoch te stean.
Rigel 17:
* derop tasjen dat der yn 'e reservaten beslist gjin wurk oan blanken útbestege wurdt dat troch Yndianen dien wurde kin;
* derop tasjen dat de Yndianen yn jins gerjochtichheid mei súkses [[lânbou]] bedriuwe kinne om dêr útslutend mei harren eigen gesin fan te bestean [om't de prizen fan 'e lânbouprodukten fan blanke boeren beslist net te lijen hawwe mochten ûnder konkurrinsje mei produkten út 'e reservaten];
* derop tasjen dat it ferbod op [[etanol|alkohol]]konsumpsje yn it reservaat neilibbe wurdt;
* derop tasjen dat der [[Ingelsk]]talich algemien [[ûnderwiis]] en [[niverheid]]sûnderrjocht jûn wurdt oan Yndiaanske bern;
* derop tasjen dat it Yndianen inkeld tastien wurdt harren reservaat te ferlitten as harren dêrfoar in fergunning takend is [wat hast nea barde].