Minderjierrige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
==Finânsjes==
De âlden of fersoargers regelje foar minderjierrigen (hoewol mooglik wol mei ynspraak fan dyselde minderjierrigen) û.m. it wetlike [[wenplak|wen- of ferbliuwplak]], de [[sûnenssoarch]] (oant 14 jier) en [[jild|finansjele saken]]. Op dat lêste mêd hawwe de âlden of fersoargers it behear oer goed en guod as minderjierrigen bgl. in [[hûs]], [[grûn]]besit of [[jild]] fan harsels hawwe, hoewol't se dy besittings net [[ferkeapjen|ferkeapje]] kinne sûnder tastimming fan 'e [[rjochtbank]]. Minderjierrigen kinne fierders gjin [[beërf]] oanfurdzje (dat dogge de âlden of fersoargers foar harren) of [[skinking]]s dwaan. Wol kinne se (yn [[Nederlân]]) fan 16 jier ôf yn in [[testamint (akte)|testamint]] oer de helte fan harren goed en guod beskikke. Om't minderjierrigen wilsûnbekwaam achte wurde te wêzen, binne de âlden of fersoargers [[oanspraaklikheid (fersekering)|oanspraaklik]] foar de skea dy't se oanrjochtsje by [[ûngemak]]kenûngemakken (bgl.bygelyks as se by it [[fuotbal]]jen earne in bal troch it [[rút]] traapje).
 
Wichtige [[kontrakt]]en kinne minderjierrigen net ôfslute; dogge se dat dochs, dan kinne de âlden of fersoargers sa'n kontrakt [[neatichferklearring|neatich ferklearje]] litte. By oankeapen yn [[winkel]]s hinget it fan 'e [[priis (kosten)|priis]] ôf oft in minderjierrige soks dwaan mei: in [[blikje]] [[frisdrinken]] of in [[pûde]] [[snobbersguod]] kin sûnder beswier kocht wurde, mar bgl. djoere [[merkklean]] of in [[auto]] kin net oanskaft wurde sûnder dúdlike tastimming fan 'e âlden of fersoargers. Wol kinne minderjierrigen by in [[bank (jild)|bank]] op eigen namme in [[sparrekken]] iepenje, en kinne se dêr fan harren sechstjinde jier ôf eltse [[moanne (tiid)|moanne]] maksimaal [[€]]125 fan opnimme, salang't harren âlden of fersoargers har dêr net tsjin oankantsje.