Ferskil tusken ferzjes fan "Minderjierrige"

16 bytes grutter ,  9 moannen lyn
 
==Oare rjochten en plichten==
Minderjierrigen binne yn 'e measte (Westerske) lannen fan likernôch 6 oant 18 jier [[learplicht]]ich, en moatte dêrta [[ûnderwiis]] folgje troch nei [[skoalle (ynstelling)|skoalle]] te gean. It rjocht fan minderjierrigen op in eigen priveelibben is foar harren âlden of fersoargers oer tige beheind, en hinget ôf fan 'e romte dy't de âlden of fersoargers harren datoangeande biede. Dy kinne nammentlik, as se dat wolle, it near lizze op beskate aktiviteiten, [[lektuer]] of de omgong mei [[freon]]enfreonen. Teffens kinne se [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjes]] en [[brief|korrespondinsje]] fan minderjierrigen ûnder harren fâdij kontrolearje en regulearje. It iennichste wat de âlden op dat mêd wetlik net dwaan meie, is de omgong mei de [[pakes en beppes]] ferbiede. Op it mêd fan it [[strafrjocht]] binne der spesjale regels foar minderjierrigen, dy't datoangeande yn [[West-Jeropa]] ûnder it [[jeugdstrafrjocht]] falle ynstee fan ûnder it reguliere strafrjocht.
 
As minderjierrigen (yn Nederlân) in [[houlik]] slute wolle foar't se 18 jier binne, hawwe se dêrfoar ferlet fan 'e ynstimming fan harren âlden of fersoargers. Boppedat moat der sprake wêze fan [[swierwêzen]] of fan in eigen bern dat al [[berne]] is. (Dit is in wetlik oerbliuwsel fan 'e tiid dat it in grutte [[skande]] wie as in [[oerwûn bern|bern bûten it houlik]] berne waard.) As de âlden of fersoargers yn sa'n sitewaasje gjin tastimming jouwe, kin de [[rjochter]] harren yn it ûngelyk stelle en it houlik dochs noch trochgean litte. As minderjierrigen trouwe, wurde se foar de wet automatysk [[mearderjierrich]], ek al binne se dan noch gjin 18 jier. Ek in [[allinnichsteande mem]] fan tusken de 16 en 18 jier kin yn Nederlân mearderjierrich ferklearre wurde, om't foar dat foar de [[opfieding]] fan har bern foar guon saken nedich is of fan pas komt.
 
==Minimumleeftydsgrinzen==
14.188

bewurkings