Ferskil tusken ferzjes fan "Minderjierrige"

L
 
==Minimumleeftydsgrinzen==
Foar in protte aktiviteiten dy't rûnom as skealik beskôge wurde ([[alkoholetanol|drinken fan alkohol]], [[smoken]]) of wêrfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is ([[autoriden]], [[stimrjocht|stimmen]]) besteane yn 'e measte lannen [[minimumleeftyd]]sgrinzen. Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.
 
Yn [[Nederlân]] leit de grins tusken minder- en mearderjierrigens op 18 jier, al wie dat oant [[1986]] noch 21 jier. Yn 'e measte oare lannen leit dy grins ek by 18 jier, lykas yn [[Belgje]], [[Dútslân]], [[Itaalje]], [[Kroaasje]], [[Ingelân]], [[Wales]], [[Noard-Ierlân]], de [[Feriene Steaten]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Brazylje]], [[Kolombia]], [[Meksiko]], [[Yndia]], de [[Filipinen]] en de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes|provinsjes]] [[Alberta]], [[Kebek (provinsje)|Kebek]], [[Manitoba]], [[Ontario]], [[Prins Edwardeilân]] en [[Saskatchewan]]. Yn [[Skotlân]] is men mei 16 jier al mearderjierrich, yn 'e Kanadeeske provinsjes en territoaria [[Britsk-Kolumbia]], [[Yukon]], [[Nijfûnlân en Labrador]], [[Nij-Breunswyk]], [[Nij-Skotlân]], [[Nûnavût]] en de [[Noardwestlike Territoaria]] mei 19 jier, en yn [[Japan]], [[Nij-Seelân]], [[Tailân]] en [[Taiwan]] pas mei 20 jier.
14.188

bewurkings