West Hollywood (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 24:
 
==Skiednis==
Oarspronklik waard de krite dêr't West Hollywood no leit, bewenne troch de [[Tongva (folk)|Tongva]]-[[Yndianen]]. Nei't it gebiet geandewei de [[achttjinde iuw]] troch de [[Spanje]]rts [[kolonisearre]] wie, kaam it yn [[1848]], ûnder it [[Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo]], dat in ein makke oan 'e [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]], by de [[Feriene Steaten]] te hearren. Tsjin 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waard de [[delsetting]] Sherman der stifte troch [[Moses Sherman]] en syn partners fan 'e [[Los Angeles Pacific Railroad]]. Yn 'e earste [[desennia]] fan 'e [[tweintichste iuw]] krige Sherman de reputaasje fan in plak dêr't eksintrikelingen har túltsjes úttúlje koene, en teffens fan in plak dat it ûnder de [[Drûchlizzing (Feriene Steaten)|Drûchlizzing]] net sa nau naam mei it ferbod op it skinken fan [[etanol|alkohol]].
 
Nettsjinsteande dat it grutte buorplak [[Los Angeles]] ferskate kearen besocht om Sherman te [[anneksaasje|anneksearjen]], keas dat derfoar om selsstannich te bliuwen, krektlyk as it buorplak [[Beverly Hills]]. Alle oare plakken yn 'e krite waarden meitiid lykwols troch Los Angeles opslokt, mei as gefolch Sherman en Beverly Hills in [[bestjoer]]lik selsstannige [[enklave]] yn Los Angeles waarden. Yn [[1925]], doe't de oangrinzgjende [[Los Angeles|Los Anzjelynske]] [[wyk]] [[Hollywood]] ferneamd wurden wie om syn [[film]]yndustry, feroare Sherman syn namme yn West Hollywood. Lang net alle ynwenners wiene it dêrmei iens, dat it wie in kontroversjeel beslút.
Rigel 33:
Uteinlik rekke West Hollywood as sintrum fan it [[útgeanslibben]] út 'e graasje, hoewol't de Sunset Strip in sterke oantrekkingskrêft op [[toeristen]] hold. Underwilens hiene har in protte [[rykdom|riken]] út 'e [[film]]yndustry yn it doarp nei wenjen set, dy't oanlutsen waarden trochdat der in stik minder regels wiene om nei te libjen (bgl. op it mêd fan [[huzebou]]) as yn Los Angeles. Yn 'e [[1960]]-er jierren waard West Hollywood in sintrum fan 'e [[hippy]]kultuer. Yn [[1978]]-[[1979]] en [[1988]]-[[1992]] setten har by twa grutte [[ymmigraasje]]weagen likernôch 6.000 [[Ruslân|Russyske]] [[Joaden]] yn West Hollywood nei wenjen. Sadwaande hat it hjoed de dei noch altyd de meast konsintrearre [[Russysk]]talige mienskip fan 'e Feriene Steaten.
 
Yn [[1984]] makke Los Angeles County plannen om 'e [[wet]]like begrinzings op it mêd fan [[hier]]ferhegings ôf te skaffen. De ynwenners fan West Hollywood beseften dat se sûnder begrinzings oan hierferhegings nea opbiede kinne soene tsjin it rikere diel fan 'e befolking fan Los Angeles en Beverly Hills, sadat se úteinlik út har eigen plak weijage wurde soene. Sadwaande ûntstie der in brede koälysje fan [[âlderein]], [[Joaden]], [[homoseksualiteit|homo's]] en [[lesbiënne]]s en [[earmoede|earmere hierders]] dy't bewurkmastere dat West Hollywood formeel [[stedsrjochten]] krige, sadat it syn eigen regeljouwing op it mêd fan hier trochfiere koe. Nei't dat slagge wie, waard der daliks ien fan 'e strangste hierbegrinzings fan 'e Feriene Steaten ynfierd.
 
==Demografy==