Geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 14:
{{Color box|#d02010}} 227-878
}}]]
'''Geweld''' is it mei opsetsin brûken fan [[minsklik lichem|fysike]] krêft, itsij troch dêrmei te [[bedriging (misdriuw)|driigjen]] of troch it wier yn 'e praktyk te bringen, tsjin jinsels, tsjin in oare [[minske|persoan]] of tsjin in groep of mienskip. Dit hat as eigentlik of wierskynlik gefolch [[minsklik lichem|lichaamlike]] [[ferwûning]]s, [[psychology]]ske [[trauma|trauma's]], [[dea|stjergefal]]len of [[behoeftigens]]. De [[Wrâldsûnensorganisaasje]] wreidet dizze gongbere definysje út sadat it begryp 'geweld' net inkeld it mei opsetsin brûken fan fysike krêft omfiemet, mar ek fan [[politike]] macht.
 
Geweld tsjin jinsels kin [[selshoffening]] of [[selsmoard]] wêze. Geweld tsjin oaren sûnder dat dêr deaden by falle, wurdt oer it algemien oantsjut as [[mishanneling]]. Dêrfan besteane ferskate soarten, lykas [[frouljusmishanneling]], [[bernemishanneling]] en [[bistemishanneling]]. Geweld tsjin oaren oant de dea derop folget, is [[moard]]. [[Húslik geweld]] is geweld tsjin leden fan 'e eigen [[húshâlding]]. [[Sinleas geweld]] is in oantsjutting foar geweld omreden fan it geweld sels, yn 'e regel yn it [[útgeansgelegenheid|útgeanssirkwy]]. Ynstitúsjonalisearre kollektyf geweld troch [[lân|lannen]] en oare [[organisaasje]]s wurdt [[oarloch]] neamd. [[Seksuële mishanneling|Seksueel geweld]] wurdt dien omreden fan [[seksuële opwining]], en kin him uterje yn [[seksuële yntimidaasje]], [[seksuële oantaasting]] of [[ferkrêfting]].
Rigel 22:
Fan 'e 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld yn [[2013]] waarden likernôch 180.000 feroarsake troch it gebrûk fan in [[fjoerwapen]] (wêrfan de measten yn 'e [[Feriene Steaten]]), wylst 114.000 troch it gebrûk fan in skerp foarwerp ombrocht waarden en de restearjende 111.000 op oare manearen. Foar elts stjergefal troch geweld binne der tûzenen ferwûnings troch geweld, dy't liede ta hûnderten [[dokter]]sbesiken en tsientallen opnames yn it [[sikehûs]]. Foar slachtoffers dy't geweld oerlibje, hat harren ûnderfining gauris libbenslange negeative konsekwinsjes, lykas [[lichaamlike beheining]]s, [[psychology]]ske [[trauma|trauma's]], [[eangst]], in oanhâldend gefoel fan ûnfeiligens, it ferlies fan [[fertrouwen]] yn oare minsken, ensfh.
 
In protte foarmen fan geweld binne foar te kommen. Der bestiet in sterke relaasje tusken it brûken fan geweld en faktors dy't te beynfloedzjen binne, lykas it [[earmoede]]nivo en/of [[ynkommen]] fan 'e dieder(s), it gebrûk fan [[etanol|alkohol]] of [[drugs]] troch de dieders, it bestean fan [[seksisme]], [[rasisme]] en oare foarmen fan [[diskriminaasje]], it bestean fan [[rjocht]]sûngelikensens tusken de [[geslacht (sekse)|geslachten]] en/of tusken [[befolking]]sgroepen, en it ûntbrekken fan feilige, stabile en [[opfieding|opfiedende]] [[ynterpersoanlike relaasje|relaasjes]] tusken [[âlden]] en [[bern (persoan)|bern]]. Strategyen om sokke ûnderlizzende oarsaken oan te pakken, kinne effektyf wêze yn it foarkommen fan geweld.
 
{{boarnen|boarnefernijing=