Geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 20:
Op wrâldnivo resultearre geweld yn it [[jier]] [[2013]] yn 'e dea fan nei skatting 1.280.000 minsken, in oansjenlike taname yn ferhâlding mei de likernôch 1.130.000 minsken dy't yn [[1990]] troch geweld om it libben kamen. De stjergefallen fan [[2013]] koene opdield wurde yn likernôch 842.000 [[selsmoard]]en; 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld (d.w.s. [[misdriuw]]en); en 31.000 gefallen fan kollektyf geweld (ynkl. [[oarloch]] en [[deastraf]]fen). It measte geweld kaam yn [[2013]] yn [[Afrika]] foar, dêr't fan eltse 100.000 minsken 60,9 troch geweld om it libben kamen.
 
Fan 'e 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld yn [[2013]] waarden likernôch 180.000 feroarsake troch it gebrûk fan in [[fjoerwapen]] (wêrfan de measten yn 'e [[Feriene Steaten]]), wylst 114.000 troch it gebrûk fan in skerp foarwerp ombrocht waarden en de restearjende 111.000 op oare manearen. Foar elts stjergefal troch geweld binne der tûzenen ferwûnings troch geweld, dy't liede ta hûnderten [[dokter]]sbesiken en tsientallen opnames yn it [[sikehûs]]. Foar slachtoffers dy't geweld oerlibje, hat harren ûnderfining gauris libbenslange negeative konsekwinsjes, lykas [[lichaamlike beheining]]s, [[psychology]]ske [[trauma (psychysk letsel)|trauma's]], [[eangst]], in oanhâldend gefoel fan ûnfeiligens, it ferlies fan [[fertrouwen]] yn oare minsken, ensfh.
 
In protte foarmen fan geweld binne foar te kommen. Der bestiet in sterke relaasje tusken it brûken fan geweld en faktors dy't te beynfloedzjen binne, lykas it [[earmoede]]nivo en/of [[ynkommen]] fan 'e dieder(s), it gebrûk fan [[etanol|alkohol]] of [[drugs]] troch de dieders, it bestean fan [[seksisme]], [[rasisme]] en oare foarmen fan [[diskriminaasje]], it bestean fan [[rjocht]]sûngelikensens tusken de [[geslacht (sekse)|geslachten]] en/of tusken [[befolking]]sgroepen, en it ûntbrekken fan feilige, stabile en [[opfieding|opfiedende]] [[ynterpersoanlike relaasje|relaasjes]] tusken [[âlden]] en [[bern (persoan)|bern]]. Strategyen om sokke ûnderlizzende oarsaken oan te pakken, kinne effektyf wêze yn it foarkommen fan geweld.