To Guard Against the Dark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 27:
Doe't Sira di Sarc, in lid fan 'e Clan, sûnder erch de âlde [[technology]] fan 'e Hoveny wer yn wurking stelde, waard in nij lek yn it Al-wat-is slein. Op 'e nij kamen de machtige wêzens dêre fanwegen om harren te ferdigenjen. It lek waard tichte, mar dat wie net genôch. Om foar te kommen dat de wêzens yn it Neat-echt yngripe soene, mei jammerdearlike gefolgen foar de wêzens dy't dêr libben, moasten alle Sjongers weromkeare nei it Al-wat-is. Dat betsjutte dat Sira har partnerbân mei de [[minske|minsklike]] [[romtefarder]] Jason Morgan ferbrekke moast, in hertferskuorrende beslissing, dy't beiden djip ûngelokkich yn ferskillende universa efterliet. (Sjoch foar in yngeandere beskriuwing fan wat foarôf gie: [[This Gulf of Time and Stars|''This Gulf of Time and Stars'', § Ynhâld]] en [[The Gate to Futures Past|''The Gate to Futures Past'', § Ynhâld]].)
 
''To Guard Against the Dark'' iepenet yn 'e wente fan Jason Morgan op Ettlers Planeet, dêr't er him weromlutsen hat om syn soelaas yn [[etanl|alkohol]] te sykjen. Allinnich troch de net ôflittende soarch fan syn bêste [[freon]], de ([[kreefteftigen|kreefteftige]]) Carasiaan Huido Maarmatoo'kk, dy't him op Ettlers Planeet opwachte doe't er weromkaam út it [[planetestelsel]] fan 'e Hoveny (sjoch: ''[[The Gate to Futures Past]]'') komt er troch dy minne tiid hinne. Mar wat him safier kriget dat er ree is om syn libben wer op te pakken, is in besyk fan Lydis Bowman, in kommandant fan 'e [[plysje]] fan it Hannelspakt, dy't noch altyd ûndersyk docht nei de [[genoside]] op 'e Clan yn 'e [[romte]] fan it Hannelspakt (sjoch: ''[[This Gulf of Time and Stars]]'').
 
Dy [[misdie]] waard útfierd troch de Gearstallers, in bûtenierdsk ras fan wêzens dy't trochgean kinne foar minsken, mar wêrby't it 'lichem' eins út tweintich oant tritich dielen bestiet dy't in soarte fan koloanje foarmje en ek los faninoar libje kinne. Mar it is dúdlik dat de Gearstallers troch oaren brûkt waarden, en ek de minsklike misdiesyndikaten fan 'e planeet Deneb, dy't by it skriklik barren belutsen wiene, wiene mar stikken [[ark en reau|ark]] yn 'e hannen fan wichtiger spilers. Lykas dejingen dy't it [[gifgas]] produsearre hawwe dat foar leden fan 'e Clan deadlik wie, mar foar alle oare soarten wêzens ûnskealik. It spoar liedt Bowman nei in Brill-[[smokkeljen|smokkelder]] dy't Manouya hjit, mar better bekend is as 'de Fasilitator'.
Rigel 35:
Tagelyk binne de mysterieuze Rugheranen, wêzens dy't heal yn it materiële hielal libje en heal yn it Tuskenyn, ek warber mei harren eigen plannen, mar om't nimmen dy soarte begrypt, bliuwe harren bedoelings ek in riedsel. Wol is dúdlik dat it Tuskenyn sterk skansearre rekke is, wat beide universa dy't deroan grinzgje yn gefaar bringt. Yn it Al-wat-is hat Sira ûnderwilens in eigen dreamwurklikheid foar harsels skepen, wêryn't se allinnich yn ''De Sulverne Foks'' ferbliuwt, it âlde romteskip fan harsels en Morgan. Om't se himsels net hawwe kin, is dat it tichtst dat se by him yn 'e buert komme kin. Alle tiid bringt se dêr troch, ta wanhope fan 'e oare Sjongers, mei it folgjen mei har fingers fan 'e [[stâle (plant)|stâlen]] en [[blêd (plant)|blêden]] fan 'e [[planten]] dy't Morgan op 'e wanden fan harren [[sliepkeamer]] skildere hie.
{{Plotbedjer}}
De oare Sjongers witte Sira pas út har dreamwrâld te skuorren as bliken docht dat net alle Sjongers nei it Al-wat-is weromkeard binne. In stik as tolve leden fan 'e Clan, ôfkomstich fan 'e opstannige [[koloanje]] op 'e planeet Acranam, binne oan 'e genoside troch de Gearstallers ûntkommen en lykwols net mei Sira en de oaren út it Hannelspakt ôfreizge (sjoch: ''[[This Gulf of Time and Stars]]''). Under lieding fan 'e op macht beluste Wys di Caraat besykje se op 'e planeet Snosbor IV in nije takomst foar de Clan op te bouwen. Dêrta hat sa'n lytse groep lykwols alle [[genetika|genetysk]] ferskaat nedich dat mar te besetten is. Sadwaande hawwe se de yn [[stasis]]kisten goedholden [[minsklik lichem|lichem]]s fan twa leden fan 'e Clan ûntdutsen: Wys har eigen [[soan]], Yihtor di Caraat, en Sira har [[suster]] Rael di Sarc. Beide binne no ûnderweis nei Snosbor IV.
 
Om Wys har plannen te dwerseidzjen en ek de lêste Sjongers werom te heljen nei it Al-wat-is, keare twa Sjongers nei it fysike hielal werom, dêr't se de beide lichems besette. Yihtor docht dat mei syn eigen lichem, mar Rael freget Sira om yn har plak te gean, mei't net allinne har macht, mar ek har [[kennis]] fan it Hannelspakt folle grutter is. Sadwaande lit Sira har úteinlik beprate om yn Rael har lichem werom te kearen nei it fysike hielal. Hoewol't Sjongers yn dat hielal oars altyd harren oantinkens ferlieze oan it Al-wat-is en oan wat se sels eins binne, ûnthâlde Yihtor en Sira dat diskear wol troch in oanhâldend mystyk kontakt mei oare Sjongers, dy't meigien binne nei it Tuskenyn.