Robrecht I fan Flaanderen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 35:
Mar Arnulf III wie al erkend as Greve fan Flaanderen troch syn lienhear de Frânkse kening Filips I en hy hie stipe krigen fan Willem de Oermasterer, dy’t tuskentiids kening fan Ingelân wurden wie. De dea fan Arnulf soarge derfoar dat Robrecht net botte populêr waard by de Frânske keningen en ek net by de [[Paus]].
 
Richilde koe him by it ferlies net dellizze. It [[testamint (akte)|testamint]] fan har man hie bepaald dat by it ferstjerren fan ien fan harren soannen, de oerbliuwende soan, it greefskip fan de ferstoarne soan ervje soe. Dus Baldwyn wie neffens testamint de greve fan Flaanderen. Richilde krige hjirby stipe fan de Frânske kening Filips I, dy’t Baldwyn erkende as de rjochtmjittige greve fan Flaanderen. Om-ende-by in moanne nei de nederlaach by Kassel gie Richilde mei in Henegousk en Frânsk leger de striid oan mei Robrecht de Fries. [[Sint-Omaars]] waard plondere en platbaarnd. Robrecht moast him ferdigenje en helle in tûke diplomatike stunt út. Hy hie yn Kassel Eustachius, greve fan Boelonje, finzen nommen. Dit wie de broer fan Godfried, biskop fan Parys en kânselier fan [[Filips I]]. Godfried die in goed wurdsje by de Frânske kening en Robrecht liet Eustachius frij. De kening wie hjir bliid mei en soe Richilde net langer stypje. Se leinen it skeel by. De Frânske kening joech yn [[1073]] syn styfdochter [[Bertha fan Hollân]] wei as frou oan Robrecht.
 
Robrecht kaam ek wer yn in goed bledsje by de Paus. Hy boude in 30-tal tsjerken en kapellen, allegear wijd oan de hillige [[Petrus (apostel)|Petrus]].
 
Mar Richilde wie der noch hieltyd net klear mei. Sy slagge deryn om in ferbûn te foarmjen mei de fijân fan Robrecht de Fries. Dat wienen de [[biskop fan Luik]], [[Godfried III fan Lotharingen|Godfried III mei de Bult]], hartoch fan Neder-Lotharingen, mei Willem I, biskop fan Utert, en mei de biskoppen fan Verdun en Cambrai en ek mei de aartsbiskop fan Keulen. Hjirom wie Richilde ree om fazal te wurden fan de biskop fan Luik. De oare partijen krigen djoere geskinken.
Rigel 43:
Robrecht de Fries koe opnij in fjildslach foarkomme troch in gesant te stjoeren nei de Dútske kening [[Hindrik IV]]. Dizze joech de kening in boadskip fan Robrecht de Fries mei de fraach oft de Dútske kening Flaanderen as greefskip befêstigje woe foar Robrecht. Yn ruil derfoar soe Robrecht de kening militêr stypje. Op dat momint siet Hindrik IV sels yn de knipe. Hy hie spul mei [[Paus Gregorius VII]] en koe alle stipe goed brûke. Hy akseptearre it oanbod fan Robrecht en erkende him as greve fan Flaanderen. Sa kaam der oan it ferbûn fan Richilde mei bûnsmaten sûnder slach of stjit in ein.
 
Richilde bleau neitinken oer wraak en foel mei in Henegousk leger Flaanderen yn. Robrecht gong yn de tsjinoanfal en plondere Henegouwen. Hy ferplettere it lytse leger fan Richilde. Nei de frede, dy’t letter ferbrutsen waard, kaam Dowaai by it greefskip Flaanderen.
 
==Striid tsjin de biskop fan Utert==