Kongres fan Wenen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
Ien fan de dregere saken fan it kongres wie it saneamde Poalsk-Saksyske Konflikt. Dat wie in diplomatysk konflikt wêrby't de dielnimmende lannen fan it kongres, troch de belangen fan dat stuit nije groepen foarmen. [[Ruslân]] en [[Prusen]] wienen troch it krewearjen fan de Prusyske kening, diplomatyk tige meiïnoar ferbûn. Dêrtroch kaam der in alliânsje tusken [[Ingelân]] en [[Eastenryk]] dy't njonkelytsen de Frânske kant neist wie. De dêrmei gearhingjende erkenning fan Frankryk as grutmacht wie it diplomatike wurk fan [[Charles-Maurice de Talleyrand-Périgord]].
 
It konflikt begûn om it útstel fan [[Ruslân]] en [[Prusen]] dêr't de oare dielnimmers fan it kongres net mei akkoard woenen. Neffens dat útstel soe [[Poalen]] Russysk wurde en [[Saksen (dielsteat)|Saksen]] Prusysk. [[Frederik August I fan Saksen]] hie Napoleon stipe wilens de [[Napoleontyske oarloggen]]. Prusen woe as fergoeding Saksen ha as diel fan it Prusyske Ryk. Tsjin Ruslân en Prusen kaam der op [[3 jannewaris]] [[1815]] in oerienkomst tusken [[Ingelân]], [[Frankryk]] en [[Eastenryk]] dy't stipe waard troch [[Nederlân]], [[Keninkryk Hannover|Hannover]] en Beieren. Nei't [[Frederik II fan Prusen]] seach dat der diplomatysk gjin mooglikheid mear wie, akseptearre Prusen twa-fyfde part fan Saksen. In twadde útkomst wie it nijfoarme [[Keninkryk Poalen]] wat rûchwei it gebiet fan it [[Hartochdom Warsjau]] besloech.
 
== Ferwizing nei boarne ==