Wolter te Riele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
+Ofbyld
Rigel 1:
[[Ofbyld:1932-09-08 Wolter te Riele (nl-dvsa 1194 13863 0001).jpg|thumb|Wolter te Riele (1932)]]
'''Wolterus Antonius Maria te Riele''' ([[Dimter]], [[8 augustus]] [[1867]] - [[Utert (stêd)|Utert]], [[13 febrewaris]] [[1937]]) wie in [[Nederlân]]ske [[arsjitekt]] dy't foaral [[Tsjerke (gebou)|tsjerkgebouwen]] ûntwurp. De measte gebouwen dy't Te Riele ûntwurp wurde rekkene ta de [[neogotyk]]. Hy jildt as ien fan de meast fernijende arsjitekten fan de styl yn Nederlân.
 
== Libben en wurk ==
[[Ofbyld:Sint Odulphuskerk Bakhuizen 06m.JPG|thumb|175px|De [[Sint-Odulfustsjerke (Bakhuzen)|Sint-Odulfustsjerke]] yn [[Bakhuzen]], in ûntwerp fan Te Riele]]
Wolter te Riele wie in soan fan [[Gerard te Riele]], dy't sels in wichtich arsjitekt fan tsjerken yn Gelderlân en Oerisel wie. De jonge Te Riele waard ynearsten oplaat troch syn heit, mar waard letter in learling fan [[P.J.H. Cuypers]]. Hy studearre ek yn Ingelân en [[Gint]]. Te Riele syn iere wurk, oars krekt as syn heites, waard bot beynfloede troch dat fan [[Alfred Tepe]], en wie sterk rjochte op de [[Nederrynske gotyk]] en in hast allinne gebrûk fan bakstien. In goed foarbyld fan dy noch frijwat tradisjonele styl is syn earste tsjerke, de [[Sint-Georgiusbasilyk (Almelo)|Sint-Georgius]] yn [[Almelo]]. Yn 1905 naam Te Riele Tepe's plak as wichtichste arsjitekt fan it aartsbisdom Utert oer. Yn 1918 ferwiksele er syn wenplak Dimter foar Utert. Hoewol't de ynfloed fan Tepe nea hielndal ferdwûn wurdt Te Riele's lettere wurk tekene troch in moderne ynterpretaasje fan de neogotyk dêr't ek ynfloeden út oare stilen yn ferwurke waarden. In protte fan syn tsjerken hawwe in plattegrûn dy't foldie oan de liturgyske easken fan harren tiid troch it geunstichst sicht op it alter oan te bieden. In breed [[skip (tsjerke)|skip]] wie dêrfoar meast de oplossing. Somtiids paste Te Riele lykwols in sintralisearjende plattegrûn ta. In hichtepunt dêrfan is de U.L. Frouwetsjerke yn [[Hilversum]] út 1910, dy't in seiskantige [[Krusing (tsjerke)|krusing]] krige en in pear jier letter as foarbyld tsjinne foar P.J.H. Cuypers syn ''Onze Lieve Vrouwekerk'' yn [[Fenlo]].
 
Rigel 9:
== Foarbylden fan syn wurk ==
<gallery widths="180" heights="180">
[[Ofbyld:Sint Odulphuskerk Bakhuizen 06m.JPG|thumb|175px|De [[Sint-Odulfustsjerke (Bakhuzen)|Sint-Odulfustsjerke]] yn [[(Bakhuzen]], in ûntwerp fan Te Riele]])
Laren kerk 17juni2006.jpg|Sint-Jansbasilyk (Laren)
Sint Georgiuskerk Almelo.JPG|Sint-Georgiustsjerke, Almelo