Aldgisl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
Under syn regear hienen de Friezen te krijen mei it machtige [[Frankyske ryk]] en krigen se it oan 'e stok mei [[Ebroin]], de [[Franken|Frankyske]] hofmeier fan kening [[Teuderik III]]. Dêrby wie it behearskjen fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde.
 
Yn de winter fan [[678]] ûntfong Aldgillis de [[Ingelân|Ingelske]] [[biskop]] fan [[York (Ingelân)|York]] [[Wilfried]] yn Utert en joech dizze in ûnderkommen. Hy wegere oan it fersyk te foldwaan fan Ebroin, Wilfried oan him út te leverjen. Likernôch [[680]] ferstoar de Fryske kening en waard er opfolge troch [[Redbad]], dy't nei alle gedachten syn soan wie.
 
== Sjoch ek ==