Konstantius Kloarus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 11:
As Caesar wie Konstantius drok dwaande mei ferskate fjildtochten tsjin alderlei barbaarske stammen en tsjinstanners as [[usurpator]]s. Yn de simmer fan [[293]] jeie er de troepen fan de usurpator [[Karausius]], ursurpator fan Grut Brittanje, fuort út Noard-Galje. Nei't Konstantius [[Boulogne]] oanfallen hie, wie de posysje fan Karausius sa swak wurden dat syn ponghâlder, [[Allectus]] him fermoarde, en syn plak ynnaam. Yn [[296]] stutsen de troepen fan Konstantius oer nei Grut-Brittanje en koene dêr úteinlik Allectus ferslaan, dy't dêrby om hals rekke. Yn [[298]] oerwûn Konstantius de [[Allemannen]], in [[Germanen|Germaansk]] folk dat him yn de kriten fan [[Main]] ôphâlde.
 
Under de ferfolging fan de [[Kristenen]] yn [[303]] hold Konstantius him ôfsidich. Dêr't de oare keizers tige strang wienen, beheine hy syn aksjes ta it ferwoastgjen fan in pear tjerken. Op [[1 maaie]] [[305]] waard Konstantius de nije ''[[Augustus (keizer)|Augustus]]'' (keizer) en [[Severus II]] waard syn ''[[Caesar (titel)|Caesar]]''. Konstantius stoar lykwols in jier letter yn [[York (Ingelân)|Eboracum]], wylst er op in fjildtocht wie tsjin de [[Pikten]] en de [[Skotten]]. Severus folge him op as keizer en syn soan [[Konstantyn de Grutte]] waard Caesar fan Severus.
 
== Keppeling om utens ==