Seemyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4:
De seemyl wurdt as ienheid fan ôfstân brûkt yn de [[seefeart]] en de [[loftfeart]]. Ek de ôflate snelheidsmjitte [[knoop (snelheid)|knoop]] (seemyl yn 't [[oere]]) wurdt hjir in soad brûkt.
 
Lange tiid hat de lingte fan de seemyl net krekt definiearre west. De Ingelske wiskundige [[Richard Norwood]] besluet om 1635hinne de lingte fan in [[grutsirkel]] (lykas de evender of lykas alle grutsirkels dy't de lingtegraden bepale) krekt op te mjitten en stelde de wearde fan de seemyl op 1/60e fan in bôgegraad fan dizze grutsirkel, ién [[bôgeminút]]. Syn mjitting fan de ôfstân fan de [[Tower of London]] oant [[York (Ingelân)|York]], sa'n 280 kilometer, koste twa jier en siet der neffens hjoeddeiske mjitstêven mar 600 meter nêst, in fout fan 0,2%. Syn mjitting stelde de wearde fan in graad op 110,72 kilometer, wêrmei't syn seemyl op 1,845 kilometer kaam.
 
Letter waard yn Frankryk de grûnslach lein foar it [[metryk stelsel]]. Hjiryn waard bepaald dat de meter ''per definysje'' 1/10 000 000 diel wie fan ôfstân fan de evender oant de noardpoal, mjitten oer de [[Meridiaan (geogrfy)|meridiaan]] fan Parys. Los fan de lingte fan dy meridiaan krige de seemyl dêrmei de wearde fan ''10 000/(60×90)'' = 1,851 85 kilometer.