Reap the Wild Wind (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
fl: 'heart' (ô.m.) -> 'heard'
Rigel 54:
Aryl is [[razernij|poerrazen]] oer dit [[ferrie]]. Mei Enris en ienentweintich ferballe Yena ferlit se de Kleasters, mar de Tikitik behinderje harren om út Yena wei te gean. It is dúdlik dat dy blokkade duorje sil oant de nacht, as de rôfdieren mei de ballings ôfweve sille. Teleportaasje is yn it eachweid fan 'e Tikitik gjin opsje en boppedat kin Aryl net twaentweintich oaren tagelyk mei-teleportearje. Underwilens hat de [[reek]] fan 'e yn 'e [[brân]] stutsen [[wente]]n de oandacht lutsen fan 'e frjemdlingen, dy't ien fan harren op ôfstân bestjoerde waarnimmers stjoerd hawwe om te sjen wat der te rêden is. Enris is derfan oertsjûge dat de frjemdlingen ek hearre kinne wat der bart. Sadwaande rjochtet Aryl har dan streekrjocht ta Marcus Bowman. Hja bringt him yn 't sin dat se yn 'e bergen syn libben rêden hat, en freget him no syn skuld yn te lossen troch de libbens fan harsels en de oare ballingen te rêden. Marcus harket nei har en komt mei in grut loftskip dêr't er de ballingen, ta konsternaasje fan 'e Tikitik, mei [[evakuaasje|evakuëarret]].
 
De ballingen wurde nei Grona ta brocht, in oare Om'ray-clan, dy't krekt as de Tuana op 'e flakte fan 'e Oud libbet. Dêr wurde de ballingen wolkom hjitten en yn 'e mienskip opnommen, hoewol't se stilhâlde ûnder hokker omstannichheden oft se Yena krekt ferlitten hawwe. Ek de rol fan Marcus Bowman wurdt ferswein; ynstee sizze se dat de Oud harren nei Grona ta flein hawwe. Noch Enris, noch Aryl fiele har thús yn Grona, en Enris makket plannen om troch te reizgjen nei Vyna, de fierste en riedseleftichste Om'ray-clan, dêr't nimmen by minskewitten wat fan heartheard hat, mar dy't dúdlik noch bestiet (sa kinne alle Om'ray mei harren telepatyske fermogens fiele). Aryl moetet yn Grona har âlde frijer Bern Teerac wer, dy't no Bern sud Caraat hjit, mei't er 'keazen is' troch Oran di Caraat, in Kiezer fan Grona. Hja is, nettsjinsteande har jonge jierren, ek in Ynwijde, en Aryl merkt al rillegau dat de bân fan Bern en Oran net ien fan gelikensen is, mar dat Oran Bern oerhearsket. De Ynwijde hat gjin ynteresse yn oare lju behalven om se te brûken om sels machtiger te wurden yn har mentale fermogens. Trochdat Aryl Bern by de rispinge rêden hie en om't keazenen gjin geheimen foar inoar hawwe, wit Oran dat Aryl in nij talint foar teleportaasje hat.
 
As Oran dúdlik makket dat se dat fermogen sels ek hawwe wol en dat se ferwachtet dat Aryl it har leare sil, beslút Aryl dat der yn Grona gjin plak foar har is. Se draait har om en rint streekrjocht it doarp út. Se wit noch net wêr't se hinne sil, mar se is wisberet om harsels net wer dingen oplizze te litten troch Ynwijden. In eintsje bûten it doarp wurdt se byhelle troch Enris, dy't seit dat er wat foar har meibrocht hat. As er oer syn skouder wiist, merkt Aryl pas dat sy beiden folge wurde troch alle ballingen út Yena.