Déjà Vu (film út 2006): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
fl
Rigel 54:
Yn it hjoed wurdt Oerstadt opspoard en [[arrestaasje|arrestearre]]. Hy blykt in [[sljochtsinnigens|geastlik steurde]] [[wapen]]fanaat te wêzen dy't tsjin 'e [[Amerikaanske Striidkrêften]] wrokket om't er sawol by it [[Amerikaanske Leger]] as by it [[Amerikaanske Marinierskorps]] ôfwiisd is omreden fan [[geast]]like labilens. FBI-agint McCready leit it near op fierdere belutsenens fan it Sniewytsje-projekt by de saak. Hy beskôget de oanslach mei de arrestaasje fan 'e dieder as ôfsletten, en boppedat is er min te sprekken oer it ferstjoeren fan it bryfke, dat er in ûnferantwurdlike 'stunt' fynt dy't resultearre hat yn 'e dea fan in federaal agint (Minuti). De saak lit Carlin lykwols net los, temear mei't er de ôfrûne dagen stadichoan [[fereale]] rekke is op Claire. Hy besiket noch in lêste kear Claire har [[appartemint]], dêr't mei [[magneet|magnetyske]] [[letter]]s op 'e [[kuolkast]]doar de [[tekst]] "''U can save her''" ("kinst har rêde") stiet. Hy hie dat by syn eardere ûndersyk ek al opmurken, mar no nimt it foar him in nije betsjutting oan. Hy rekket derfan oertsjûge dat er de rin fan 'e [[skiednis]] feroarje kin.
 
[[Jûn]]s let skillet er Denny op, dy't syn tillefoantsje eins al ferwachte hie. Carlin wol dat Denny him weromstjoerd yn 'e tiid, krekt sa't er earder mei it bryfke dien hat. Denny warskôget him dat soks syn [[hert]] stilsette sil, mar Carlin wol it dochs besykje. Pryzwarra, de iennichste oare persoan dy't noch yn it kantoar fan Sniewytsje-projekt oanwêzich is as it tillefoantsje fan Carlin binnenkomt, beart dat er neat heartheard hat, giet fuort foar't Carlin arrivearret en seit tsjin Denny dat er ôfslute moat as er klear is. Denny stjoert Carlin fjouwer dagen en seis oeren werom yn 'e tiid, en om 'e [[massa]] dêrby sa lyts mooglik te hâlden, giet Carlin yn syn [[ûnderguod]] en sûnder [[pistoal]] of lykfol hokker oar foarwerp. Denny soarget dat er op 'e [[operaasjekeamer]] fan in [[sikehûs]] ferskynt, dêr't fuortendaliks [[genêskunde|medyske]] help beskikber is om syn stilfallen hert te [[reänimearjen]]. As er letter wekker wurdt, stelt Carlin de [[klean]] fan in oare [[pasjint]], it [[pistoal]] fan in [[befeiliging]]sman en in [[ambulânse]] dêr noch op ta, wêrnei't er halje-trawalje nei de skuorre fan Oerstadt yn 'e ''bayou'' riidt, dêr't er krekt op 'e tiid oankomt om Claire te rêden fan Oerstadt, dy't har libben ferbrâne wol. Hy befrijt Claire, mar de terrorist wit yn Claire har auto mei de [[bom]] te ûntkommen.
 
It is no noch mar koart foar de oanslach, en Carlin beseft dat er gjin tiid hat om nei de [[plysje]] ta om út te lizzen wat der oan 'e hân is. Dat soe fragen oproppe dy't er net beäntwurdzje kin, of alteast, dêr't er antwurden foar hat dy't net leaud wurde sille. Hy sil Oerstadt eigenhandich tsjinhâlde moatte. By de befrijing fan Claire is er lykwols troch Oerstadt yn it [[skouder]] sketten en de [[skotwûne]] [[blieden|bliedt]] as wat. Hy beslút dêrom by Claire thús oan te gean; har wente leit oan 'e rûte nei de fearboat, en hy moat har dêr dochs ôfsette. Underwilens jout er der sûnder euvelmoed blyk fan dat er dingen oer har wit dy't er net witte kin. Sy begjint him te [[wantrouwen]], en hellet thús in [[revolver]] foar't ljocht dêr't se him mei [[bedriging (misdriuw)|bedriget]]. Carlin, dy't har syn ATF-[[ynsinje]] net sjen litte kin om't er dat ommers net meinimme koe werom yn 'e tiid, lit har syn kantoar belje, dêr't syn kollega har op har fersyk in beskriuwing fan him trochjout, en dan har tillefoannûmer notearret sadat er har letter weromskilje kin.