Pieter Lodewijk Tak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Pieter Lodewijk Tak, by Jan Veth.jpg|thumb|Pieter Lodewijk Tak ([[Jan Veth]])]]
'''Pieter Lodewijk Tak''' ([[Middelburch (stêd)|Middelburch]], [[24 septimber]] [[1848]] - [[Duinvliet]] (bûtenpleats by [[Domburch]]), [[26 augustus]] [[1907]]) wie foarsitter fan de [[SDAP]] en haadredakteur fan ''Het Volk''.
 
Tak wie soan fan in [[rintmaster (berop)|rintmaster]] yn Middelburch, dêr't er nei in mislearre rjochtenstúdzje [[sjoernalist]] waard by in pleatslike krante. Hy wie befreone mei [[Floor Wibaut]] en beide Middelburgers lutsen nei de [[Amsterdam|haadstêd]]. Tak skreau dêr foar ''De Amsterdammer'' en letter foar ''[[Het Volk]]''. Fan dy sosjalistyske partijkrante waard er yn [[1903]] haad[[redakteur]], neidat it partijbestjoer [[Piter Jelles Troelstra]] út dizze funksje setten hie. Fan [[1905]] oant syn iere dea wie hy boppedat partijfoarsitter, [[Twadde Keamer|keamerlid]] foar it kiesdistrikt [[Frjentsjer]] en gemeenteriedslid fan [[Amsterdam]].
 
== Literatuer ==