Krasnojarsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
Sawol yn de tsaristyske as de [[Bolsjewiken|bosljewistyske]] tiid wie Kraj Krasnojarsk in plak om politike fijannen hinne te ferbaljen. Ek de earste lieders fan de [[Sovjet-Uny]] tsjin it ein fan de 19e en begjin 20e iuw ferballe nei wat no de kraj is. Yn [[Joazef Stalin|Stalin's]] tiid wie der in grut tal [[Gûlag]]-kampen yn de regio.
 
Foar de [[Twadde Wrâldkriich]] wie de stêd wat ynwennertal oanbelanget al foars grutter. Troch evakuaasje fan boargers út it westen fan de Sovjet-Uny en de politike ballings naam it ynwennertal fierder ta. Tusken 1938 en 1956 waarden nei Krasnojarsk en omkriten ûngefear in miljoen minsken deportearre foar twangarbeid. Yn 1941 waard de nei Krasnojarsk ferhûze lokomotyffabryk "Krasny Profintern" operatyf. Fanwegen de kriich ferhûze ek oare yndustry fierder it lân yn achter de [[Oeral (berchtme)|Oeral]] nei Krasnojarsk. Yn de rin fan de kriich fersânfâldige it yndustriële potinsjeel fan de stêd en dêrmei helle Krasnojarsk [[Irkûtsk]] yn. Krasnojarsk wie it yndustriële sintrum fan East-Sibearje woarn.
 
Yn septimber 1961 waard úteinset mei it oanlizzen fan in wetterkrêfsintrale en in nije, 2.100 meter lange, brêge oer de rivier waard iepene. De foltôging fan in 5.000 meter lange en 41 meter brede Oktoberbrêge oer de rivier folge yn 1987. Fanôf de jierren 1990 waard begûn mei de oalis fan de Metro Krasnojarsk.