Beare-eilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
 
Fan 1916 oant 1925 waard er [[stienkoal]] wûn yn in lytse delsetting mei de namme ''Tunheim'' op de noardeastlike kust. Dêr waard mei ophâlden doe't it te min opsmiet. Der binne noch goed bewarre spoaren fan werom te finen, ûnder oaren in stoomlokomotyf.<br />
It hiele eilân wie fan 1918 oant 1932 eigendom fan mynbou-ûndernimming Bjørnøen AS; doe naam de Noardske steat de oandielen oer. Bjørnøen AS bestiet no noch as steatsbedriuw en hat itselde management as Kings Bay AS, it bedriuw dat de minen fan [[Ny-Ålesund]] op [[Spitsbergen (Noarwegen)|Spitsbergen]] eksploitearret.<ref> Norwegian Ministry of Trade and Industry, 2005. The State's Ownership Report 2004 [http://www.odin.no/filarkiv/253150/ownership2004.pdf PDF], February 27 2006</ref> Sûnt 1919 is der in Noarsk radiostasjon(''Bjørnøya Radio'' festige yn ''Herwighamna''. It waard letter útwreide út reden fan de oprjochting fan it meteorologysk stasjon..
 
Yn it Spitsbergen-ferdrach (1920) waard Beareneiland neamd as part fan [[Spitsbergen]] en kaam it oan [[Noarwegen]].
 
Omdat de skipsrûtes fan de [[Atlantyske Oseaan]] nei de havens oan de [[Wite See]] troch de [[Barentssee]] rinne, wie Beare-eilân fan grut strategysk belang yn de [[Twadde Wrâldkriich]] (WO II) en ek yn de [[Kâlde Oarloch]]. De Dútsers hiene yn WO II bemanne waarstasjons op Spitsbergen, mar beheinden harren ta in automatysk radiostasjon op Beare-eilân yn 1941. De Dútske marine hat ferskate konvoaien op wei nei [[Moermansk]] oanfallen yn de omkriten fan Beare-eilân en brochten dy swiere ferliezen ta. Lykwols wienen hja net sa súksesfol yn de [[Slach yn de Barentssee]] op Nijjiersdei 1942. Súdeastlik fan it eilân hat yn 1943 mear fjochterij tusken oarlochsskippen west.