Aldtsjerkeslavysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 15:
It '''Aldtsjerkeslavysk''' ([[Glagolitysk alfabet|Glagolitysk]]: ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ ⰧⰈⰟⰊⰍⰟ; [[Syrillysk alfabet|Syrillysk]]: словѣньскъ ѭзыкъ; [[Latynsk alfabet|Latynsk]]: ''Slověnĭskŭ językŭ''), ek bekend ûnder de nammen '''Aldslavysk''', '''Aldbulgaars''' en '''Aldmasedoanysk''', is de âldste [[Slavyske talen|Slavyske]] [[skriuwtaal]]. It datearret fan 'e midden fan 'e [[9e iuw]] en waard op skrift steld troch de bruorren [[Syrillus fan Saloniki|Syrillus]] en [[Metoadius]] op basis fan [[Súdslavyske talen|Súdslavyske dialekten]] dy't sprutsen waarden yn it gebiet om [[Tessaloniki]] yn it [[Byzantynske Ryk]]. Foar de taal ûntwurpen sy in nij skrift, it [[Glagolityske alfabet]], en yn ferbân mei harren missy nei it [[Grutmoravyske Ryk]] yn [[863]] makken sy in oersetting fan de [[Bibel]]. Letter makken studinten fan Syrillus en Metoadius oan de ein fan de 9e iuw yn it [[Earste Bulgaarske Ryk]] it [[Sirillyske alfabet]], dat fierhinne fan 't [[Gryksk alfabet|Grykske alfabet]] ôflaat wie en stadichoan de plak fan 't Glagolitysk ynnaam.
 
Aldtsjerkeslavyske teksten binne oerlevere yn de foarm fan kopyen út de [[10e ieu|10e]] en [[11e iuw]]; it bekendste manuskript is de ''Codex Zographensis''. Foar de histoaryske taalwittenskap is it Aldtsjerkeslavysk besûnder wichtig, om't it tige nau besibbe is oan it [[Oerslavysk]], de mienskiplike [[oertaal]] fan de [[Slavyske folken|Slaven]].
[[Ofbyld:ZografskiyKodeks.png|thumb|180px|left|De earste side fan it [[Evangeelje fan Jehannes]] yn de ''Codex Zographensis'', skreaun yn it Glagolityske alfabet.]]