6 april: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
* [[1199]] - [[Jan sûnder Lân]] wurdt [[kening fan Ingelân]] nei't syn [[broer]] [[Richard Liuwehert]] stjert oan 'e gefolgen fan ferwûnings oprûn by de oanfal op [[Châlus-Chabrol]], yn súdlik [[Frankryk]].
* [[1320]] - De [[Ferklearring fan Arbroath]], de earste [[ûnôfhinklikheidsferklearring]] út 'e dokumintearre [[skiednis]], wurdt troch de [[Skotlân|Skotten]] opstjoerd oan [[paus]] [[Jehannes XXII]].
* [[1572]] - De [[Seelân|Siuwske]] [[stêd]] [[Flissingen (stêd)|Flissingen]] slút him oan by de [[Nederlânske Opstân]] tsjin 'e [[Spanje]]rts.
* [[1652]] - [[Jan van Riebeeck]], in [[dokter|skipsdokter]] yn 'e tsjinst fan 'e [[VOC]], stiftet in ferfarskingsstasjon op 'e [[Kaap de Goeie Hope]]. Dat is it ierste oanbegjin fan 'e [[Kaapkoloanje]], dy't him úteinlik ûntjaan sil ta moderne [[Súd-Afrika]].
* [[1667]] - De [[stêd]] [[Dubrovnik]] (Ragûsa) en omkriten wurde troffen troch de swiere [[ierdbeving fan Dubrovnik (1667)|ierdbeving fan Dubrovnik]]. Yn 'e mande mei de oanhâldende [[ekonomy]]ske [[krisis]] yn it [[Middellânske-Seegebiet]] foarmet dit barren it begjin fan 'e ein foar de [[Republyk Ragûsa]].