Galje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L →‎Skiednis: ferkeard skreaun
Rigel 20:
 
== Skiednis ==
Galje waard troch de [[Romeinen]] beset yn de perioade tusken [[58 f.Kr.]] - [[51 f.Kr.]], neidat [[Gaius Julius Caesar|Caesar]] de Galyske stammen yn dat gebiet ferslein hie. Hy skreau syn ûnderfinings yn in boek ''[[Commentarii de bello Gallico]]'' (''FerslachenFerslaggen oer de [[Galyske oarloch]]''). Dy oarloch koste oan mear as in miljoen Galjers it libben en sawat in miljoen minsken waard ta slaaf makke. It gebiet waard dêrnei as in Romeinske provinsje bestjoerd mei [[Lyon]] as haadstêd. Fan dy tiid ôf hawwe de Galjers ûnder grutte ynfloed fan de Romeinen stean en waarden sy Romanisearre. Stadichoan waard taal en brûkmen fan de Romeinen oernaam. De Keltyske taal waard ynnommen troch it [[Latyn]] dat oan de basis leit fan it moderne [[Frânsk]].
 
Fan de [[3e iuw]] ôf rûn it Romeinske gesach, troch tanimmende druk fan ynfallende [[Germanen|Germaanske]] stammen, tebek. Op [[31 desimber]] [[406]] stutsen ferskate Germaanske stammen de [[Ryn]] oer, en set de ynvaazje fan Galje útein (sjoch: ''it [[Grutte Folksferfarren]]''. Yn [[486]] kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Galje, doe't de Romeinsk hearsker [[Syagrius]] ferslein waard troch de [[Franken]].