Opname fan de gemeente: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Teachings of Jesus 40 of 40. the rapture. one in the bed. Jan Luyken etching. Bowyer Bible.gif|thumb]]
[[Ofbyld:Teachings of Jesus 39 of 40. the rapture. one at the mill. Jan Luyken etching. Bowyer Bible.gif|thumb]]
Line 12 ⟶ 11:
 
== Skiednis ==
=== Bibelske eftrgrûneftergrûn ===
Dyjingen dy't de lear fan de opname fan de gemeente oanhingje ferwize nei [[1 Tessalonikers]], dy't de wichtichste ferwizing foar harren leauwe is, dêr't [[Paulus (apostel)|Paulus]] neffens harren it [[weromkommen fan Jezus]] as in opname fan de gemeente beskriuwt. Yn [[1 Korintiërs]] beskriuwt Paulus hoe't leauwigen op in dei yn in sucht feroarje sille en dan by Jezus Kristus wêze.
 
Line 22 ⟶ 21:
Yn [[1788]] wurdt troch de [[Baptisme|baptist]] [[Morgan Edwards]] oppenearre dat it opnimmen foar de pleagen, de [[Grutte delklap]], plakfine sil. Yn [[1811]], tsien jier nei de dea fan de skriuwer, ferskynt der in [[Spaansk]] boek, dy't skreaun waard troch de Roomsk-katolike [[preester]] Emmanuel Lacunz, oer it opnimmen.
 
Yn [[1827]] waard dat boek troch de [[Skotlân|Skotske]] [[predikant]] [[Edward Irving]] (1792-1834) yn it Ingelsk oersetten. Letter rekke er fan betinken dat mei de [[Antykrist]] ien man bedoeld wurdt en kaam er ta it einbeslút dat Jezus twaris weromkomme soe: de earste kear foar't de Antykrist opstean sil yn [[1862]] en dat de grutte delklap oanbrekt, dêr't er nei foar de twadde kear weromkomt. Gauris wurdt it opnimmen foar de grutte delklap taskreaun oan de doetiidske fyftjinjierige Margaret McDonald, dy't in folgeling fan Edward Irving wie. Hja hie yn [[1830]] in [[fisioen]] oer de eintiid, dêr't it opnimmen lykwols nei de grutte delklap plakfine sil. ItHar wurk waard yn [[1840]] útjûn en yn [[1861]] waard it fannijs útjûn, mar yn dy edysje waard al oppenearre dat de gemeente al foar de grutte delklap opnaam wurde sil.
 
[[John Nelson Darby]] (1800-1882), dy't wol sjoen wurdt as de grûnlizzer fan de [[bedielingelear]], oppenearre dat Jezus komme soe foar't de Antykrist komme soe, en hydy makkelear dywaard teoryfrij populêr. Hy wie de grûnlizzer fan de [[Bruorrebeweging]], lykas de ''Plymouth Brethren'', dy't dy teorylear dus ek oernaam. De skriften fan dy beweging hiene benammen yn de [[Feriene Steaten]] in soad ynfloed. Yn [[Nederlân]] hie [[Johannes de Heer]] (1866-1961) in soad ynfloed troch syn blêd ''[[Het Zoeklicht]]'', dat noch hieltyd bestiet en deselde fyzje ferkundiget.
 
Ek út de Feriene Steaten wei wie der in ûnbidich soad ynfloed op de fyzjes fan evangelyske kristenen oer it wereromkommen fan Jezus. Yn de santiger jierren fan de [[tweintichste iuw]] ferskynden de boeken fan [[Hal Lindsey]]. Ek de [[romansearje]] ''Left Behind'' fan [[Tim Lahaye]] en [[Jerry B. Jenkins]] waard yn de njoggentiger jierren goed ferkocht.
 
== Hjoed-de-dei ==
Hjoed-de-dei wurdt de lear fan de opname fan de gemeente oanhongen benammen yn evangelyske en garismatyske rûnten, yn de Bruorrebeweging en troch [[baptisten]]. In soad tradisjonele [[katoliken]] en [[protestanten]] nimme 1 TeesalonikersTessalonikers 4:16-17 letterlik oan: de opname fan de gemeente wurdt daalk folge troch de opstanning fan de deaden op de [[Dei fan de Oardiel]]. Dêr sille de libbenen en de kreklyn opstiene deaden Jezus temjitte komme as er fan de himel komt en oardielje de wrâld. Hja sjogge de opname as in part fan de twadde komst fan Jezus. De [[Eastersk-otterdokse tsjerke]] fersmyt de lear fan de ôfsûnderlike opname fan de gemeente as ôfsûnderlik.
 
== It barren ==
Der besteane ferskiljende mienings oer yn hokker folgoarder de foarfallen, dêr't de opname part fan is, barre sille. Yn Mattéus 24 foarseit Jezus dat de folgjende foartekens barre sille: der sille kristlike sabeare profeten komme te hanneljen; berjochten oer [[oarloggen]] en [[hongersneed]]; kristenkristenen sille ferfolge wurde; in soad minsken falle fan harren leauwe ôf; wetteleazens nimt ta; de leafde kuollet ôf. Jezus sil pas lykwols weromkomme as it [[evangeelje]] oer gâns de wrâld ferkundige is. Mei de "les fan de figebeam" (Matéus 24:32) wurdt neffens guon [[Israel]] mei bedoeld. Oanhingers fan de lear hiene yn de [[njoggentjinde iuw]] it fannijs ûntstean fan de steat Israel foarsein
 
=== It opnimmen fan de gemeente ===
Oanhingers fan de lear ferwize nei 1 Tessalonikers 4, 1 Korintiërs 15 en Mattéus 24:40-41. Jezus jout oan hokker tekens der komme sille, sa't leauwigen sjen kinne dat Er komt: "de sinne sil tsjuster wurde, de moanne sil syn skynsel net jaan, de stjerren sille fan boppe falle en de himelske machten sille yn ûnstjoer reitsje. Dan sil it teken fan de Minskesoan oan 'e loft ferskine. Alle folken op 'e wrâld sille harsels foar 't boarst slaan. Se sille de Minskesoan op 'e wolken fan 'e himel kommen sjen mei grutte macht en majesteit". Dy foarfallen komme oerien mei datwat der yn Iepenbiering 6:12 stiet: "Doe't Er yn myn fisioen it sechde segel iepenbriek, kaam der in swiere ierdbeving. DDe sinne waard sa swart as in hierren sek en de moanne waard hielendal read as bloed. De stjerren fan 'e himelfoelenhimel foelen op 'e ierde, lykas in figebeam syn lette figen falle lit as in hurde wyn deroan skoddet. De himel waard wei as in boekrol dy't oprôle wurdt, en alle bergen en eilannen waarden fan it plak skuord".
 
De Bibel neamt dat it fan stuit fan it weromkommen gjinien fan wit. Yn 1 Tessalonikers 5:2 seit dat Er as in dief yn de nacht komme sil. Neffens in soad minsken komt Jezus nei de ierde werom op in wolk en nim de kristlike mienskip op: "De Hear sil sels ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan 'e himel en dy't yn Kristus stoarn binne, sille earst út de dea ferrize. Dêrnei sille wy dy't yn libben bleaun binne, tagelyk mei harren, hjir weihelle wurde op 'e wolken, de Hear temjitte yn 'e loft. En sa sille wy foar altiten by de Hear wêze" (1 Tessalonikers 4:16-17).
 
=== De grutte delklap ===
{{Apart|Grutte delklap}}
De [[Antykrist]] hat frij paad en ferfolgje de leauwigen. Markus 13:24-26 seit: "Yn 'e tiid nei de benearing sil de sinne tsjuster wurde, de moanne syn skynsel net mear jaan, de stjerren sille fan boppen falle en de himelske machten fan it plak reage wurde. Dan sille se de Minskesoan op 'e wolken kommen sjen mei grutte macht en hearlikheid. Hy sil syn ingels útstjoere, en de útkarden byinoar bringe út 'e fjouwer wynstreken, fan 'e ein fan 'e ierde oan 'e ein fan 'e himel ta".
 
Rigel 45:
 
=== Tûzenjierrich Ryk ===
{{Apart|Tûzenjierrich Ryk}}
Dêrnei sil Jezus tûzen jier lang hearskje op in paradyslike ierde, dêr't allinnich frede is. Dêrby spilet it folk fan Israel de grutste rôl. Minsken mei dy fyzje ferwize nei de [[Profesij|profesy]]en út it [[Alde Testamint]] oer it fannijs ûntstean fan de steat Israel.
 
=== Lêste oardiel ===
{{Apart|Dei fan de Oardiel}}
Ta einbeslút wurdt de [[duvel]] fannijs loslitten en dy set útein mei in nije kriich. Hy wurdt foargoed ferslein en wurdt my de Antykrist en de sabeare profeten yn in poele smiten dêr't se yn ivichheid pinige wurde. De deaden steane op en de folken sille oardiele wurde. Der komt in nije himel en in nije ierde.
 
== Tiid fan de opname ==