Weromkommen fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
grutte benearing ynstee fan grutte delklap
Rigel 14:
In soad [[kristenen]] tinke dat hja de gânse tiid taret wêze moatte op it weromkommen fan Jezus. Yn [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 24:42-44 stiet: "Dêrom moatte jim reestean, want de Minskesoan komt op in stuit dat jim it net ferwachtsje".
 
Neffens de [[Bibel]] sil Jezus weromkomme as it [[evangeelje]] oer gâns de wrâld ferspraat is en eltsenien de kâns krigen hat harren sels te bekearen. Dêrom binne der noch hieltyd [[sindeling]]en oan it wurk dy't besykje it evangeelje yn lannen te ferkundigjen dêr't it ferhaal fan Jezus noch net bekend is. Yn Mattéus 24:14 stiet: "Dit bliid boadskip fan it keninkryk sil oer de hiele wrâld ferkundige wurde as in tsjûgenis foar alle folken. En dan sil de ein der wêze." Fierder sille de [[twa tsjûgen]] it evangeelje fierder ferspriede yn it tiidrek fan it regear fan de [[Antykrist]] en de [[Grutte Delklapbenearing]].
 
Yn it [[Alde Testamint]] stiet ien fan de foartekens foar it weromkommen fan Jezus: it weromkommen fan it [[Joaden|Joadske]] folk nei harren oarspronklik wengebiet. Ferskate kristenen leauwe dat it de hjoeddeistige steat [[Israel]] is, en dat de [[profesij]] yn 1948 mei it oprjochtsjen fan de steat Israel ferfolle waard. Hja ferwize dêrnei yn [[Ezechiël (bibelboek)|Ezechiël]] 37:21: "Dit hat God de Heare te sizzen: Ja, Ik helje de bern fan Israel tusken de folken wei, dêr't se hinne rekke binne, bring har rûnom wei byinoar en wer op har eigen grûn".
Rigel 57:
== Sjoch ek ==
* [[Opname fan de gemeente]]
* [[Grutte delklapbenearing]]
* [[Tûsenjierrich Ryk]]
* [[Dei fan de Oardiel]]