Grutte benearing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 15:
* in foarfal dat yn de neie of lettere takomst barre sil, dêr't dizze ynterpretaasje as it tiidrek mei sân jier sjoen wurdt.
 
De lêstneamde mooglikheid is spilet benammen by [[premillennialisme|premillennialisten]] en [[dipensasjonalisme|dipensasjonalisten]] in wichtige rôl, sawol yn de [[teology]] as yn de foarstelling fan de leauwigen. Dêrnjonken binne der yn it premillennialisme noch trije ynterpretaasjes dy't de ferhâlding tusken de grutte benearing, de [[opname fan de gemeente]] en it [[weromkommen fan Jezus]] oanbelangje:
* de [[opname fan de gemeente]] bart foar it begjin fan de grutte benearing (pretribulasjonisme),
* de opname fan de gemeente bart healwei de grutte benearing,
* de opname fan de gemeente bart nei de grutte benearing, dus yn 'e mande mei it weromkommen fan Jezus (posttribulasjonisme).
 
Guon [[teologen]] leauwe dat in part fan de gemeente opnaam wurde sil. Dêrfan wurdt útgien dat allinnich de leauwige [[kristenen]] foar de grutte benearing opnaam wurde en de oaren dy't bekeard binne en dy't harren leauwe wer ferfetsje sille nei de grutte benearing meiby it weromkommen fan Jezus opnaam wurde en de guon dy't in marteldea ferstoaren sille wer opstean.
 
Ferskate teologen tsjutte de twadde helte fan it tiidrek fan de benearing oan as de grutte benearing. It wurdt dêrmei ûnderskaat fan de "benearing" dy't sân jier duorret en de "grutte benearing" is de lêste trijeënheal jier. Eftergrûn is dat de yn de [[Bibel]] beskreaune foarfallen yn de twadde helte noch folle mâler geane.