Rykdom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Kingdom 5KR.jpg|right|thumb|250px|It [[jacht (fartúch)|superjacht]] fan in [[Saûdy-Araabje|Saûdyske]] [[miljardêr]].]]
'''Rykdom''' is, yn [[maatskiplik|sosjaal]]-[[ekonomysk]] opsjoch, it besit fan in oerfloed oan [[jild]], [[grûn|lân]], [[grûnstof]]fen en/of oare [[matearje|materiële]] [[besit]]tings. Op it algemienste nivo wurdt ûnder 'rykdom' troch [[ekonomen]] ferstien: alles dat [[wearde]] hat. In [[persoan]], [[groep (sosjology)|mienskip]], [[lânstreek|regio]] of [[lân]] dat in soad dingen fan wearde hat, wurdt '''ryk''' neamd. It tsjinstelde fan rykdom is [[earmoede]]. It omskriuwen fan rykdom kin in [[noarmen en wearden|normatyf]] proses wêze mei ferskate [[etyk|etyske]] ymplikaasjes, yn acht nommen dat it maksimalisearjen fan rykdom yn it [[kapitalisme]], dat de wrâldekonomy dominearret, faak sels sjoen wurdt as in normatyf prinsipe. Yn [[2014]] wie de [[Perzyske Golf|Golfsteat]] [[Katar]] it rykste lân fan 'e wrâld rekkene nei lid fan 'e [[befolking]].
 
It moderne begryp 'rykdom' is fan belang op alle mêden fan 'e [[ekonomy]], mar de betsjutting is lykwols ôfhinklik fan 'e kontekst. De termen 'rykdom' en 'ryk' kinne nammentlik ek [[subjektiviteit|subjektyf]] brûkt wurde: immen út 'e [[middenklasse]] is riker as immen út 'e [[ûnderklasse (maatskippij)|ûnderklasse]], mar dochs kin sa'n persoan noch muoite hawwe om troch de tiid te kommen. Sa'nent sil dêrom ek net as 'ryk' omskreaun wurde. By dat wurd tinke de measte minsken oan lju mei in 'goede' [[baan (wurk)|baan]], dy't in [[filla]] hawwe, teminsten twa [[auto's]], in [[twadde hûs]] yn it bûtenlân, mooglik noch in [[syljacht]] en dy't rom rûnkomme kinne. De term 'superryk' of 'de superriken' ferwiist nei [[miljonêr]]s en [[miljardêr]]s.