Ferskil tusken ferzjes fan "Ritueel"

31 bytes grutter ,  6 moannen lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
[[File:IteMissaEst.jpg|right|thumb|250px|It opfieren fan 'e [[mis (earetsjinst)|mis]], in [[roomsk-katolisisme|roomsk]] ritueel.]]
[[File:Tea ceremony performing 2.jpg|right|thumb|250px|In [[Japanske teeseremoanje|Japansk teeritueel]].]]
In '''ritueel''' (fan it [[Latyn]]ske ''ritualis'', "it folgjen fan 'e ''ritus''") of '''rite''' (fan it Latynske ''ritus'', "gewoante") is in opienfolging fan [[hanneling]]s, wêrby't it gean kin om [[spraak|uterings]], [[gebeart]]en en ferrjochtings, dy't útfierd wurde moatte op in beskate wize, op in beskaat plak, op in beskate [[tiid]] en yn in beskate folchoarder. Sokke rituelen kinne foarskreaun wêze troch de fan [[âlder op âlder]] oerlevere [[tradysje]]s fan in [[groep (sosjology)|mienskip]], lykas de oanhingers fan in [[religy]], de leden fan in [[etnyske groep]] of de bewenners fan in [[plak]].
 
Rituelen wurde oer it algemien karakterisearre (mar net [[definysje|definiëarre]]) troch [[formalisme]] (it soarchdragen foar de foarm), [[tradisjonalisme]] (it dwaan sa't jins [[foarâlden]] diene), ûnferoarlikens, it jin hâlden oan 'e [[regeljouwing|regels]] en, yn it gefal fan religieuze rituelen, [[hillich]] [[symbolisme]]. In [[seremoanje]] is in plechtichheid dy't rituele betsjutting hat.
 
Rituelen komme foar yn alle bekende [[minsklik]]e [[maatskippij]]en. Bekende foarbylden binne net inkeld rituelen fan [[ferearing]], [[offerritueel|offerrituelen]] en [[sakramint]]en fan organisearre [[religy]]en en [[kultus|kulten]], mar bgl. ek [[oergongsritueel|oergongsrituelen]] ([[doop (sakramint)|doop]], [[besnijenis]], [[ûntgriening]], [[trouwerij]]en), [[deaderitueel|deaderituelen]] ([[begraffenis]], [[kremaasje]]), rituelen fan [[boetedwaning]], [[reiningingsritueel|reinigingsrituelen]], [[eed fan trou|eden fan trou]] en oare [[eed]]ôflizzings, [[wijinge|wijings]], [[kroaning]]s en [[ynauguraasje]]s. Sels aldendeiske hannelings lykas [[fûstkjen]] en oare wizen fan [[begroeting]] kinne omskreaun wurde as rituelen.
 
Yn 'e [[wittenskip]]like kontekst wurde rituelen yn 'e [[sosjology]] en [[antropology]] omskreaun as alle aktiviteiten (yn 'e sin fan opienfolgings fan hannelings) dy't, alteast foar in bûtensteander, [[rasjonalisme|yrrasjoneel]], ûnfoarsisber en/of [[logika|ûnlogysk]] lykje. Yn 'e [[psychology]] wurdt de term 'ritueel' soms brûkt yn 'e poer technyske sin foar weromkearende [[gedrach]]spatroanen dy't troch minsken systematysk brûkt wurde om [[eangst]] foar te kommen of te neutralisearjen. Yn dy sin kin in ritueel in [[symptoom]] wêze fan in [[twangneuroaze]].
14.042

bewurkings