Michael (aartsingel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Guido Reni 031.jpg|thumb|[[Guido Reni]]'s ympresje fan aartsingel Michael (skildere yn [[Rome (stêd)|Rome]]).]]
 
De Hillige '''aartsingel Michael''' wurdt beskreaun yn it boek [[Daniël (profeet)|Daniël]] fan it [[âlde testamint]] as de foarnaamste fan de hearskers en beskermer fan it fromme [[Israel]]. Tegearre mei de [[aartsingel Gabriël]] ferklearret hy oan Daniël it profetyske byld dat er sjoen hat. Yn it [[nije testamint]] stried hy tegearre mei de [[duvel]] om it lyk fan [[Mozes (profeet)|Moazes]]. Yn [[Judas (apostel)|Judas]] 9 stiet dan ek: “Mar Michael, doarde, doe't hy mei de duvel oan it fjochtsjen wie om it lichem fan Moazes, gjin oardiel út te sprekken, dochs sei hy: De Heare straffe jo”.
 
In útlis is dat troch de oerwinning fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] op de dea, it kwea net langer baas is yn de wrâld, mar wol op ierde bestean bliuwe sil as fijân fan al dy minsken dy’t Gods wil net opfolgje wolle. Yn it boek de [[Iepenbieringen]] fan [[Jehannes (evangeelje)|Jehannes]] fiert Michael kriich tsjin de draak. Der stiet skreaun: “En der kaam kriich yn de [[himel]]. Michael en syn [[ingel|ingels]] hienen oarloch mei de draak, mar hy koe gjin stân hâlde, en harren plak wurdt yn de himel net mear fûn”.