Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 15:
== De komst fan Parma ==
[[Ofbyld:Vaenius - Alexander Farnese.png|thumb|left|150px|De hartoch fan Parma]]
Gebrûk meitsjend fan de ûntefredens by de katoliken stelde de opfolger fan Don Juan, de [[hartoch fan Parma]], him yn ferbining mei de katolike striders en eallju yn de súdlike Nederlannen. Hy slagge deryn in bûnsmaatskip te sluten mei de Steaten fan Henegouwen en Artois, de [[Uny fan Atrecht]]. Oan de oare kant ferienige Willem fan Oranje him mei in oantal gewesten yn de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]].
 
Yn de jierren tusken 1579 en 1589 wit de hartoch fan Parma grutte súksessen te beheljen. Hy werstelt it keninklik gesach en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn alle gewesten te suden fan de grutte rivieren en yn grutte parten fan Oerisel, de Efterhoeke, Drinte en Grinslân.