George fan Lalaing, greve fan Rennenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 6:
Op foardracht fan [[Willem fan Oranje]] waard hy yn [[1577]] beneamd ta [[steedhâlder]] fan de neamde noardlike gewesten. Hy besocht de gewesten, binnen it ramt fan de [[Pasifikaasje fan Gint]], foar it roomske leauwe te behâlden.
 
Op [[3 maart]] [[1580]] rûn de greve fan Rennenberch oer nei kening [[Filips II fan Spanje|Philips II]]. Hy besocht de katoliken wol mei wat súkses foar him te winnen, mar yn de noardlike Nederlannen wienen dy fierstente swak. It oerrinnen fan Rennenberch ferskerpe de al besteande polirisaasje frijwat. Katoliken waarden tenei binnen de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]] wantroud. Foaroansteande katoliken hiene dêrnei nog mar kar út twa alternativen: harren foaroansteande posysje opjaan, of oergean nei de kalvinistysk oriïntearre [[Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (letter Nederlânsk Herfoarme tsjerke)]].
 
De greve fan Rennenberch ferstoar yn 1581. As opfolger waard troch Philips II [[Francisco Verdugo]] beneamd, de lêste Spanjert dy't ea dy posysje (oant [[1594]]) beklaaie soe, mar nea erkend waard troch de opstannelingen. Greve [[Willem Loadewyk fan Nassau]] waard troch de opstannelingen yn [[1584]] as tsjinsteedhâlder beneamd, en soe dit oant syn dea yn [[1620]] bliuwe.