Karnaval: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
De oarsprong fan it karnaval is ûnbekend<ref>''Beknopt, Kerkelijk Woordenboek'', M.C. Nieuwbarn O.P., Bijvoet-Mutsaers & Zoon, Tilburg, 1910</ref>. Fan âlds is karnaval in ''ytfestijn'', omdat it de lêste mooglikheid wie jin te bûten te gean foar de fêsteltiid, wêryn men him beperkte ta it minimaal needsaaklike.
 
Op Fette Tiisdei (foar de fêstel) waard alle fet dat yn de hûs wie opmakke omdat it oars bedjerre soe. De fêstel is ta betinking fan de 40 dagen dy't [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] neffens it [[Nije Testamint]] yn de woastyn fêste en ek ta besinning op de kristlike kearnwearden.
 
It feest bestie grif al langer as de kristlike tradysje, en hat de tsjerke it makliker fûn om it heidenske karnaval om de setten yn in kristlike tradysje as om it út bannen. Soks barde ek wol mei oare foarkristlike feesten as Krysttiid dat oarspronklik in heidensk [[midwinter]]feest wie.