Jakobus (apostel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
== Jakobus yn it Nije Testamint ==
Jakobus wie de soan fan de fisker Sebedéus en Salomé en de âldere broer fan de dissipel [[Jehannes (apostel)|Jehannes]]. Jakobus en Jehannes hearden nei [[Petrus (apostel)|Simon]] en [[Andreas (apostel)|Andréas]] ta de earste learlingen, dy't Jezus by it [[Mar fan Tiberias|Mar fan Galiléa]] oanwiisde as apostels om der op út te gean te preekjen. Tegearre krigen de beide bruorren de bynamme ''Boänerges'' fan Jezus, dat Soannen fan de Tonger betsjut (Markus 3:16-17) en mooglik in ferwizing wie nei harren temperamint en it fjoer wêr't hja mei besiele wiene.
 
Jakobus hie mei Jehannes en Petrus in spesjale posysje by Jezus. Sa wie it njonken de beide âlders fierders allinnich Jakobus, Jehannes en Petrus tastien om tsjûge te wêzen fan it opwekken fan de dochter van [[Jaïrus]] (Lukas8:41). Jezus naam Jakobus en syn broer Jehannes en Petrus mei op de berch, dêr't [[Moazes]] en [[Elía]] ferskynden en mei Jezus yn petear wiene (Mattéus 17:1). En Jezus frege ek Jakobus, Petrus en Jehannes om mei Him te weitsjen yn de hôf fan Getsémané, doe't Jezus drôvich en Syn krúsdea oansteande wie (Mattéus 26:37-38).