Gods ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
Yn de moderne teology wurdt mear gewicht jûn oan it begryp ryk fan God (ek wol fertaald as "Hearskippij fan God") as de fersy fan Matteüs ("Himelsk ryk). By de earste fersy is it makliker om in ferbân te lizzen mei de ynderlike mystike ûnderfining fan it begryp, wylst de fersy fan "Himelsk ryk" dúdlik mear "nei bûten projektearre" is.
 
De evangeeljes beskriuwe dat [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] it ryk ôfkundige as eat dat op it punt stie te gebeuren, en net as wat dat yn de takomst komme sil (sjoch Markus 1:15). De ferhalen oer Jezus dy't siken better makket, [[demon]]en ferdriuwt, les joech yn in nije libbensetyk waarden as in demonstraasje sjoen fan dat ryk.
 
It ryk fan God ferwiist ek nei in oare steat fan siel of tins binnen it kristendom (sjoch Lukas 17:20 - 21). Yn sjarismatyske fermiddens wurdt it ryk letterlik oanwêzich achte as de [[hillige Geast]] dwaande is mei bygelyks genêzing.