Walt Disney: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 4:
== Jonge jierren ==
[[File:Newman Laugh-O-Gram (1921).webm|thumb|thumbtime=2|upright=1.5|''Newman Laugh-O-Gram'' (1921)]]
Walt Disney is berne yn [[Chicago]]. Syn heit Elias Disney, wie fan [[Ierlân|Iersk]]-[[Kanada|Kanadeesk]] komôf en syn mem, Flora Call-Disney, wie fan [[Dútslân|Dútsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]] komôf. Walt wie ien fan de fiif bern, fjouwer jonkjes en ien famke. Doe't hy opgroeide op in buorkerij yn de buert fan Marceline, [[Missoury (steat)|Missoury]], rekke Walt al betiid ynteressearre yn tekenjen. Hy ferkocht syn earste sketsen al oan de buorlju doe’t er noch mar sân jier âld wie. Op de McKinley High-skoalle yn Chicago wie Walt aktyf mei de skoalkrante, sawol mei foto’s as mei tekenings. Jûns gie hy nei de Akademy of Fine Arts. Yn de hjerst fan [[1918]] besocht de jonge Walt Disney om ta te treden ta de militêre tsjinst, mar hy waard wegere om't er noch mar sechtsjin jier âld wie. Yn stee dêrfan gie er by it [[Reade Krús]]; troch harren waard er de oseaan oer stjoerd. Hy brocht in jier troch mei it ferfieren fan stêfleden en it riden yn in ambulânse. Hy hie yn 'e kriich de bynamme ''de Diz''. Syn ambulânse wie net kamûflearre, mar wie bedutsen mei allerhande tekenings en spotprinten. Nei de oarloch gie Walt werom nei [[Kansas City (Missoury)|Kansas City]], dêr't er opgong makke as reklametekener. Hjir ferkocht hy yn [[1920]] syn earste animearre tekenfilm.
 
== Karriêre ==