Gearwenjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L red
Rigel 1:
'''Gearwenjen''', yn 'e [[sprektaal]] yn it [[Frysk]] oer it algemien oantsjut mei de [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]] '''samenwenjen''', is in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjefoarm]] wêrby't twa [[persoan]]en as partners ien [[wente]] brûke en in [[húshâlding]] foarmje. Ymplisyt is dêrby dat it tusken dy persoanen giet om in ([[seks]]uële) [[leafde]]srelaasje. As in [[âlder]] en in [[bern (persoan)|bern]], of as twa [[freonskip|freonen]] in hûs en húshâlding diele, sprekt men dêrom net fan gearwenjen, mar fan in [[ienâldergesin]], resp. [[húsgenoat]]en. Fierders wurdt de term 'gearwenjen' ornaris opfet as 'gearwenjen sûnder [[troud]] te wêzen', en wurdt sadwaande ek fan [[troude pearen]] yn 'e regel net sein dat se gearwenje, om't dat normaal sprutsen yn it troud wêzen besletten leit.
 
Oarspronklik wie de betsjutting fan it begryp gearwenjen oars: oant de [[1950-er jierren]] waard dermei ferwiisd nei it by inoar yn ien wente wenjen fan twa of mear persoanen dy't gjin leafdesrelaasje hiene. Tsjintwurdich is foar sa'n wensitewaasje de term '[[wengroep]]' yn gebrûk. Hie men wol in leafdesrelaasje, dan koe men inkeld byinoar wenje as men troud wie, oars waard it [[maatskiplik]] net akseptearre en kaam der in [[skandaal]] fan. Yn guon [[maatskiplike klasse|maatskiplike fermiddens]] wie [[trouwen oer de putheak]], dat fierhinne delkaam op gearwenjen, wol akseptearre, mar dan moast men jin ek [[hâlde en drage]] as wie men troud. Gearwenjen yn 'e moderne betsjutting kaam fan 'e [[Seksuële Revolúsje]] fan 'e [[1960-er jierren]] ôf yn [[Nederlân]] hieltyd mear foar. Yn 't earstoan waard dêrfoar (troch tsjinstanners) ek wol de delbûgende beneaming 'gearhokken' brûkt. Hoewol't gearwenjen yn 'e [[Westerske wrâld]] tsjintwurdich hiel gewoan is, leit der yn beskate [[lannen en territoaria|lannen]], [[kultuer]]en en [[groep (sosjology)|mienskip]]pen (wêrûnder ek guon [[allochtoan]]e en swier [[kristlik]]e mienskippen yn Nederlân) noch altyd in [[taboe]] op.
 
Tsjintwurdich wurdt gearwenjen yn Nederlân oer it algemien sjoen as in opstapke nei it [[houlik]], hoewol't der ek pearkes binne dy't nea trouwe. Neffens sifers fan it [[Sintraal Buro foar de Statistyk]] (CBS) trouden oan 'e ein fan 'e [[1960-er jierren]] njoggen fan 'e tsien [[froulju]] yn Nederlân sûnder earst gearwenne te hawwen. Yn [[2005]] troude noch mar ien fan 'e tsien Nederlânske froulju sûnder earst gearwenne te hawwen. Lange tiid wie yn Nederlân it byinoar yn ien hûs wenjen en in húshâlding fieren in betingst fan it [[boargerlik houlik]], dat by [[wet]] fêstlein wie. Yn [[2001]] waard dat út 'e wet skrast, en sûnt hoege troude pearen dus net mear yn itselde hûs te wenjen om in troch de steat erkend houlik te hawwen. Oan 'e oare kant binne om deselde tiid hinne yn Nederlân ek it [[registrearre partnerskip]] en it [[gearlibbingskontrakt]] ynfierd, dat wetlik erkende foarmen binne fan gearwenjen bûten it houlik om. In soad Westerske lannen hawwe soartgelikense regelings ynfierd, mar bûten de Westerske wrâld wurdt gearwenjen faak noch altyd net offisjeel erkend, as it al sosjaal akseptearre is.