Weromkommen fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 33:
Yn de [[islaam]] wurdt Jezus (of Isa; [[Arabysk]]: ''عيسى‎ ʿĪsā'') sjoen as in boadskipper en ''Masih'' (messias) fan God en waard stjoerd om de Israeliten in nij [[evangeelje]] te ferkundigjen. It leauwen yn Jezus, en alle oare boadskippers fan God, is ferplichte yn de islaam om in [[moslim]] wêze te kinnen. Moslims beskôgje Jezus lykwols net as de Soan fan God, om't hja leauwe dat der net ien oan God gelyk is, mar as in [[profeet]]. Yn de [[koraan]] stiet dat Jezus berne waard út de [[faam Marije]] en moslims leauwe ek dat Jezus de wûnders, dy't beskreaun steane yn de fjouwer evangeeljes, die mei tastimming fan God. Se leauwe lykwols net dat er krusige waard, mar wol dat er yn 'e himel opnaam waard.
 
Yn de koraan stiet dat it weromkommen fan Jezus in teken fan de [[Dei fan deit Oardiel]] is. Der binne ek guon [[hadith]]s dy't it weromkommen fan Jezus foarsizze. It stuit sil net bekend wêze oant er as in earlike hearsker oer de minsken hearsket en hy sil dan alle krusen (it symboal fan de kristenen) ferneatigje en de ''[[dzjizja]]'' opheffe.
 
Neffens islamityske tradysje sil Jezus weromkomme yn de tiid fan [[oarloggen]] dy't troch de ''[[Mahdi]]'', bekend yn de islaam as de ferlosser, fochten waarden tsjin de ''[[Dajjal]]'' (de falske messias of de Antykrist) en syn folgelingen. Jezus sil op it plak fan in wite arkade beëasten [[Damaskus]] delkomme en sil de ''Mahdi'' helpe yn de oarloch tsjin de ''Dajjal''. Jezus sil de ''Dajjal'' ferslaan en alle [[Minsken fan it Boek]] (''ahl al-kitab'', dy't nei Joaden en kristenen ferwiist) sille yn him leauwe. Der sil dus dan ien mienskip, dy fan de islaam, wêze.