Grutte benearing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Durer Revelation Four Riders.jpg|thumb|De fjouwer ruters (Iepenbiering 6) fan [[Albrecht Dürer]]]]
It begryp '''grutte fernearing''' of '''grutte delklap''' (fan it [[Gryksk]]e ''μεγάλη θλίψις'', ''megale thlipsis'', dat "grutte druk" of "grutte delklap" betsjut) betsjut yn de [[Kristendom|kristlike]] [[eskatology]] in tiidrek fan benearing op ierde sân jier lang yn de snuorje fan de eintiid foar it [[weromkommen fan Jezus]], dy't dêrnei it [[Tûzenjierrich Ryk]] fêstigje sil. Yn it [[evangeelje fan Mattéus]] 24:21 en yn de [[Iepenbiering fan Jehannes]] 7:4 wurdt neamd dat Jezus it tiidrek foarsein hat.
Line 6 ⟶ 5:
Ear't de grutte benearing plakfynt, fine der earst in stikmannich foarfallen plak: de [[Antykrist]] sil frede mei [[Israel]] slute. Foar it tiidrek fan de benearing wurdt sân jier oannaam op grûn fan de [[profesij]] fan [[Daniël]] fan santich wiken yn [[Daniël (bibelboek)|Daniel]] 9:24-27 út it [[Alde Testamint]]. De grutte benearing is in straf foar de folken en foar Israel, dy't liede moat ta it erkennen fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] as de [[Messias]] troch Israel oan 'e ein fan de grutte benearing.
 
De grutte benearing of de grutte delklap, dêr't fan sprutsen wurdt yn Mattéus 24, Markus 13 en Iepenbiering 7, wurdt brûkt om al dy berjochtenteksten gear te fetsjen en wurdt as in tiid fan kriich en natuerrampen omskreaun. Dêrta hearre benammen de sân segels en de fjouwer ruters dy't yn Iepenbiering neamd wurde.
 
== Ynterpretaasje ==
Line 22 ⟶ 21:
Guon [[teologen]] leauwe dat in part fan de gemeente opnaam wurde sil. Dêrfan wurdt útgien dat allinnich de leauwige [[kristenen]] foar de grutte benearing opnaam wurde en de oaren dy't bekeard binne en dy't harren leauwe wer ferfetsje sille nei de grutte benearing by it weromkommen fan Jezus opnaam wurde en de guon dy't in marteldea ferstoaren sille wer opstean.
 
Ferskate teologen tsjutte de twadde helte fan it tiidrek fan de benearing oan as de grutte benearing. It wurdt dêrmei ûnderskaat fan de "benearing" dy't sân jier duorret en de "grutte benearing" is dan de lêste trijeënheal jier. Eftergrûn is dat de yn de [[Bibel]] beskreaune foarfallen yn de twadde helte noch folle mâler geane.
 
== Ferrin en wichtichste foarfallen ==
Line 29 ⟶ 28:
Foar de earste helte fan de grutte benearing ferwize teologen nei de seis segels út Iepenbiering 6 en de seis trompetten út Iepenbiering 9. Foar de twadde helte leit de neidruk op de sân gouden skalen fan de ingels út Iepenbiering 15.
 
Fan Iepenbiering 9:20 ganegeane de measte teologen derfan út dat de grutte mearderheid fan de minsken yn it tiidrek fan de grutte benearing God net opsykje sille. De oaren, dy't God al opsykje, sille dêr as martelders yn omkomme, mar sille by it [[weromkommen fan Jezus]] wer opstean. Dêrfoaroer ûntstiet der yn Israel in mannichte dy't Jezus as Messias erkenne sil, dêr't it symboalyske tal fan 144.000 foar oantsjutten waard.
 
{{boarnen|boarnefernijing=