Library of Congress: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + ferwizend stikje nei it National Film Registry
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 25:
[[File:Thomas_Jefferson_Building_Aerial_by_Carol_M._Highsmith.jpg|right|thumb|250px|It Thomas Jefferson Building, it haadgebou fan 'e Library of Congress.]]
 
Under it bestjoer fan [[Herbert Putnam]], dy't fjirtich jier lang as direkteur oan it haad fan de Library of Congress stie, fan [[1899]] oant [[1939]], gie de útwreiding fluch fierder. Yn [[1901]] waard it oantal fan 1 miljoen boeken en oare foarwerpen berikt. Presidint [[Theodore Roosevelt]] furdige yn [[1903]] in dekreet út dat de papierren fan de ''[[Founding Fathers]]'', dy't oant doe ta beheard wiene troch it [[Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken]], oerdroegen wurde moasten oan de Library of Congress. Yn [[1906]] waard de priveebibleteek fan in G.V. Judin oankocht, besteande út 80.000 [[Ruslân|Russyske]] boeken, en yn [[1908]] de Schatz-kolleksje, fan iere [[opera (muzyk)|opera]][[libretto|libretto's]]. Mear fan sokke oankeapen folgen, wêrûnder dy fan samlingen fan [[Hebriuwsk]]e, [[Sineesk]]e en [[Japansk]]e [[literatuer]], en yn 'e tritiger jierren de Russyske keizerlike kolleksje fan 2.600 boeken.
 
Hoewol't mei sokke oankeapen witwat jild muoid wie, wie de Amerikaanske polityk der net op tsjin. Krektoarsom, yn [[1929]] naam it Kongres sels it inisjatyf om foar $1,5 miljoen de kolleksje fan Otto Volbehr oan te skaffen, mei dêrûnder ien fan mar trije oerbleaune ûnskansearre eksimplaren fan 'e [[Johann Gutenberg|Gutenbergbibel]]. Uteinlik rekke troch it oanhâldende oanwinnen fan 'e kolleksje sels it nije gebou fol, nettsjinsteande útwreidings fan plankromte yn [[1910]] en [[1927]]. Yn [[1928]] kocht it Kongres deunby in perseel oan dêr't in bygebou oanlein waard, dat it [[John Adams Building]] kaam te hjitten. Om't de bou fertrage waard troch de [[Grutte Depresje]], waard it pas oplevere yn [[1938]] en iepene yn [[1939]].