Aktearjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
'''Aktearjen''' (fan it [[Frânsk]]e ''acter'', "opfieren" of "toanielspyljen") is in [[minske|minsklike]] aktiviteit wêrby't men in [[ferhaal]] fertelt troch it [[minsklik lichem|lichaamlik]] út te byldzjen en/of it nei te spyljen. In [[synonym]] foar aktearjen is '''toanielspyljen''', al wurdt dêrmei meast ferwiisd nei foarmen fan aktearjen wêrby't men fysyk op it [[toaniel]] stiet, d.w.s. in ''live''-opfiering fersoarget fan bgl. in [[toanielstik]], [[musical]], [[opera (muzyk)|opera]] of [[operette]]. De beneaming aktearjen is lykwols ek fan tapassing op net ''live''-wurk, lykas in [[harkspul]], in [[film]] of in [[tillefyzjesearje]]. Immen dy't aktearret is in [[akteur]] ([[frou]]like foarm: [[aktrise]]) of [[toanielspiler]] ([[toanielspylster]]). De rol dy't men útbyldet wurdt in [[personaazje]] neamd.
 
Foar aktearjen is breed ferskaat oan feardichheden nedich, wêrûnder net yn it lêste plak in goed ûntwikkele [[fantasij|ynbyldingsfermogen]]. Fierders kin men net sûnder [[minsklik lichem|lichaamlike]] en [[emoasje|emosjonele]] ekspressiviteit, in dúdlike [[artikulaasje]], it fermogen om jins [[stim]] drage te litten en it fermogen om in rol te ynterpretearjen. Dêrnjonken ferget aktearjen faak ek it fermogen om ferskillende [[dialekt]]en te sprekken en/of [[aksint (taalkunde)|aksinten]] te brûken, [[ymprovisaasje]]fermogen, dingen neidwaan te kinnen troch ta te sjen hoe't oaren it dogge, en in beskaat [[talint]] foar [[pantomym]]. In protte akteurs en aktrises oefenje lange tiid op harren keunst troch spesjalisearre [[kursus]]sen en [[lesprogramma|lesprogramma's]] te folgjen. Dêrby wurdt harren troch in opienfolging fan ynstrukteurs net inkeld leard hoe't se aktearje moatte, mar faak ek om te [[sjongen]], hoe't se har foar de [[kamera]] hâlde en drage moatte en hoe't se it bêste [[audysje]]dwaan kinne.
 
Ien fan 'e ierst bekende akteurs wie yn it [[Aldheid|âlde]] [[Grikelân]] fan 'e [[sechsde iuw f.Kr.]] ien út [[Ikaria]] dy't [[Tespis]] (''Thespis'') hiet. Dêrfandinne wurde akteurs yn it [[Ingelsk]] yn heechdravende taal ek noch wolris ''thespians'' neamd. Ien fan 'e wichtichste pylders fan it aktearjen, dêr't sels de grutste filmstjerren net oan ûntkomme, is it [[repetearjen]] fan harren rollen. Lju dy't net de kost fertsjinje mei aktearjen, mar it derby dogge, as [[leafhawwerij]], wurde [[amateur-akteur]]s neamd. Sokken binne faak lid fan in [[amateurtoaniel]]feriening, wêrfan't eartiids hast elts [[doarp]] yn [[Fryslân]] wol ien hie. Amateur-akteurs kinne ek [[figurant]]en wêze, dy't by profesjonele produksjes foar de eftergrûnfolling soargje.