Slymnjoggeneagen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = Rafinesque, 1815
}}
De '''slymnjoggeneagen''' ([[Latyn]]ske namme: ''Myxinidae'') foarmje de iennichste [[famylje (taksonomy)|famylje]] yn it skift fan 'e [[slymnjoggeneagen (skift)|slymnjoggeneagen]] (''Myxiniformes'') en yn 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[slymnjoggeneagen (klasse)|slymnjoggeneagen]] (''Myxini'' of ''Hyperotreti''). As klasse meitsje se ûnderdiel út fan it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata''), de [[ûnderstamme]] fan 'e [[wringedieren]] (''Vertebrata'') en de [[boppeklasse (taksonomy)|boppeklasse]] fan 'e [[kaakleaze fisken]] (''Agnatha''). Slymnjoggeneagen binne iel-foarmige, slymôfskiedende [[see]][[fisken]]. Se binne de iennichste libbene [[organisme]]n dy't wol in [[plasse (bonkelichemsdiel)|plasse]], mar gjin [[wringe (rêchbonke)|wringe]] hawwe.
 
==Taksonomy==
Lange tiid wie de [[taksonomy]]ske yndieling fan slymnjoggeneagen kontroversjeel. De strideraasje draaide derom oft slymnjoggeneagen fisken wiene dy't oarspronklik wol in wringe hân hiene, mar dêr't dy bonke neitiid wer [[evolúsje|fuortevoluëarre]] wie, of oft se in primitivere foarm fan seedieren fertsjintwurdigen, dy't noch nea in wringe ûntwikkele hiene. Resint [[desoksyribonukleïnesoer|DNA]]-ûndersyk ûnderstipet sterk de earste teory, en liket dizze kwestje foargoed besljochte te hawwen. Slymnjoggeneagen wurde no frij algemien beskôge as [[kaakleaze fisken]] dy't it naust besibbe binne oan 'e [[njoggeneagen en sibben]] (''Petromyzontida'' of ''Hyperoartia''). [[Njoggeneagen]] hawwe wól in wringe, mar by de slymnjoggeneagen is de wringe weiwurden, wat har ta de iennichste groep "[[wringedieren]]" makket dy't eins net oan dy namme foldocht. Sadwaande wurdt soms wol foarsteld om 'e wringedieren om te neamen ta plassedieren (''Craniata''), wat in bettere namme is. De term "wringedieren" (''Vertebrata'') is lykwols sa ynboargere, dat dat yn 't foar al in ferlerne striid liket te wêzen.
[[File:Atlantic Hagfish (Myxine glutinosa).jpg|left|thumb|250px|In [[Atlantyske slymnjoggeneach]] (''Myxine glutinosa'').]]
 
==Skaaimerken==
Slymnjoggeneagen ûntjoegen har sa'n 300 miljoen jier lyn, en de libbene [[soarte]]n fan no ferskille mar amperoan fan 'e [[fossyl|fossilen]] dy't út dy tiid fûn binne. It binne [[kâldbloedichheid|kâldbloedige]], iel-foarmige bisten mei in [[sturt]] dy't se as peddel brûke en in keale [[hûd]] sûnder [[skob]]ben dy't har los om it liif hinget. Har [[plasse (bonkelichemsdiel)|plasse]] is fan [[kreakbien]] en har [[tosk]]en binne fan [[keratine]]. Se hawwe in rûne, [[kaak]]leaze [[bek]] mei in kreakbiennen plaat dêr't twa pear tosken op sitte. De toskeplaat kin yn en út beweegd wurde, sadat slymnjoggeneagen der har fretten mei gripe en dat nei har [[kiel]] ta bringe kinne. Yn har [[spiisfertarring]]sstelsel ûntbrekt in as sadanich identifisearbere [[mage]]. Se libje op en deunby de seeboaiem, dêr't se benammen [[wjirms|seewjirms]] frette. Dêrnjonken folje se har menu gauris oan mei [[ies (kadaver)|ies]] of sels libben fleis fan bisten dy't soms hûnderten kearen grutter binne as sysels. Slymnjoggeneagen steane derom bekend dat se har proai yn sokke gefallen faak fan binnenút opfrette.
 
Op it mêd fan 'e [[fuortplanting]] fine sawol [[befruchting]] as ûntwikkeling bûten it lichem fan 'e âlden plak. Der bestiet by slymnjoggeneagen gjin âlderlike soarch. Har namme hawwe dizze fisken te tankjen oan it slym dat se ôfskiede as se har bedrige fiele, út sa'n hûndert [[klier]]en dy't har yn in rige oer de [[fang (lichemsdiel)|fangen]] rinne. As in slymnjoggeneach bygelyks by de sturt beetholden wurdt, dan kin er in hoemannichte klibjend en sjelei-eftich slym ôfskiede dat útset oant wol 20 liter as it mei wetter yn oanrekking komt. As se dêrmei net loskomme, dan lizze harsels yn in knoop, wêrby't se dy knoop fan kop oant sturt oer har liif hinne gliidzje litte en dêrby net inkeld it slym, mar ek de gryp fan har fijân fan har ôfskraabje. Nettsjinsteande har ôfwearzige oansjen en libbenswize, dy't makket dat [[fisker]]s dizze bisten ornaris gewurde litte, wurdt ien soarte, de [[Japanske slymnjoggeneach]] (''Eptatretus burgeri''), yn [[Koreä]] beskôge as in delikatesse. Net inkeld wurde de fisken sels iten, mar se wurde libben fongen en derta oanset om safolle mooglik slym te produsearjen, dat yn 'e Koreaanske koken yn beskate gerjochten it plak ynnimt dat [[aai (bist)|aaiwyt]] yn 'e Westerske koken hat.